SBG Sintrum foar Famyljeskiednis

It SBG Sintrum foar Famyljeskiednis (Nederlânsk: CBG Centrum voor Familiegeschiedenis), foarhinne it Sintraal Buro foar Genealogy (Centraal Bureau voor Genealogie, CBG) waard op 15 maaie 1945 oprjochte mei as doel om de protte Nederlânske genealogyske samlingen, dy't sûnt de 19e iuw oanlein wienen, ûnder ien dak te bringen. De politikus en bestjoerder jhr. mr. dr. E.A. van Beresteyn (1876-1948) wie ien fan de oprjochters.

Yn 't earstoan wie it SBG Sintrum foar Famyljeskiednis fêstige yn in steatich pân oan de Nassauleane yn De Haach. Letter krige it plak yn it kompleks by it stasjon De Haach Sintraal, dêr't ek it Nasjonaal Argyf en de Keninklike Bibleteek ûnderbrocht binne.

Mei stipe fan it Ryk en partikulieren kriget it Sintrum in soad samlingen en is it ek in kennis- en dokumintaasjesintrum foar genealogy yn Nederlân. Neist har eigen genealogyske en heraldyske kolleksjes hat it Sintrum ek kolleksjes fan it Ryk, fan it Keninklik Nederlânsk Genoatskip foar Geslacht- en Wapenkunde en oaren, op 'e noed. In bysûndere samling is dy fan persoanskaarten en -listen, de opfolgers fan it befolkingsregister. Fan hast alle persoanen dy't nei 1938 ferstoaren, is in persoanskaart (of sûnt 1994 in persoanslist) op te freegjen.

It Sintrum is boppedat de útjouwer fan de rigen Nederlân's Adelsboek en Nederlân's Patrisiaat - ek wol 'reade boekje', respektyflik 'blauwe boekje' neamd, nei de kleur fan it omslach; sy ferskine jierliks.

It SBG die en docht mei oan de telefyzjeprogramma's Allemaal Familie en Spoorloos.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: