Sacco van der Made

Sacco van der Made (folút: Gerhard Johannes van der Made; Rotterdam, 4 april 1918 – dêre, 21 desimber 1997) wie in Nederlânsk akteur en stimartyst, dy't bekend stie as de "Master fan 'e Lytse Rol". By it moderne publyk is er fral bekend fan syn byrol yn 'e komeedzjerige Het Zonnetje in Huis, wylst bern him kenne as de stim fan Dagobert Duck yn 'e tekenfilmrige DuckTales.

Sacco van der Made
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerhard Johannes van der Made
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 april 1918
berteplak Rotterdam (Súd-Hollân)
stoarn 21 desimber 1997
stjerplak Rotterdam (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf 19471997
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

 
Sacco van der Made (l.) en Paul Meijer yn "De zaak Brument" (1976)

Van der Made waard yn 1918 berne yn Rotterdam, mar groeide op yn Seelân. Hy wie in healbroer fan akteur Jan van der Made. Nei't er de HBS trochrûn hie, ferfolle er yn 't earstoan in grut ferskaat oan baantsjes, oant er yn 'e kunde kaam mei it aktearfak troch by it toanielselskip fan Pierre Balledux in swijende rol te spyljen yn it stik Joseph in Dothan. Yn 1947 joech er him by de saneamde hoorspelkern, in groep akteurs dy't benammen harkspulen fersoargen.

Syn film- en tillefyzjekarriêre begûn Van der Made yn 1960 mei in rol as haadplysje yn 'e film Hunted in Holland. Op it toaniel spile er jierrenlang by Toneelgroep Noorder Compagnie en by de Haagse Comedie. By it grutte publyk krige er fanôf 1974 bekendheid as plysje-adjudant Mudde yn 'e tillefyzjesearje Q & Q. Ek hied er rollen yn searjes as Ja Zuster, Nee Zuster (1967), Floris (1969), Kunt U Mij de Weg naar Hamelen Vertellen, Mijnheer? (1973), Pommetje Horlepiep (1976-1979), De Fabriek (1981), Medisch Centrum West (1988 en 1991) en Vrouwenvleugel (1994-1995). Op it wite doek wied er û.m. te sjen yn De Overval (1962), Wat Zien Ik?! (1971), Dokter Pulder Zaait Papavers (1975), De Ratelrat (1987) en Honneponnetje (1988). Meitiid wûn Van der Made de bynamme fan "Master fan 'e Lytse Rol", om't er altyd it uterste út sels it miniskúlste byroltsje wist te heljen.

Op jierren wist Van der Made nije bekendheid te winnen mei syn byrol as Bert Jansen, ien 'e beide drinkmaten fan it personaazje fan 'e dwerse skoanheit (spile troch Johnny Kraaijkamp sr.) yn 'e komeedzjerige Het Zonnetje in Huis (1995-1997). Njonken syn fysike aktearwurk wie Van der Made belutsen by it meitsjen fan withoefolle harkspullen, en mei dy ûnderfining sette er yn 'e tachtiger jierren ek útein mei wurk as stimakteur. Sa waard er by in jong publyk bekend as de stim fan 'e rike nepert Dagobert Duck, yn 'e hûndert ôfleverings fan 'e Disney-tekenfilmrige DuckTales (1988-1991) en yn 'e dêrfan ôflate film DuckTales de Film: Het Geheim van de Wonderlamp (1990).

Van der Made ferstoar op 21 desimber 1997 yn syn berteplak Rotterdam, yn 'e âlderdom fan 79 jier. Syn lêste optreden wie in gastrol yn 'e ôflevering De Cock en de Moord onder Nul, fan 'e detektivesearje Baantjer.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.