Salomon (Sal) Tas (Amsterdam, 31 augustus 1905 - Neuilly-sur-Seine, 19 july 1976) wie in Nederlânsk sosjaaldemokratysk sjoernalist en politikus fan Joadsk komôf.

Sal Tas (1946)

Libben en wurk bewurkje seksje

Bakkerssoan Sal Tas groeide op yn de Amsterdamske Joadebuert. Syn heit wie aktyf yn de SDAP, dêr't Tas ek lid fan waard. Hy behearde ta de linkerfleugel, dy't ûnder oare tekene waard troch antykolonialisme. Yn 1932 splisten de links-sosjalisten, ynklusyf Tas, harren fan de SDAP ôf en foarmen sy de Unôfhinklike Sosjalistyske Partij (OSP), dêr't Tas twadde partijsekretaris fan waard. Yn 1934 ferliet Tas de partij al wer, in jier foar't dy fusearje soe mei de RSP. Yn 1934 rjochte er yn 'e mande mei Jacques de Kadt it tydskrift De Nieuwe Kern (1934-1940) op.

Tas wie goekunde fan de lettere Yndonesyske premier Soetan Sjahrir, dy't yn Leien studearre. Tas syn frou krige in ferhâlding mei Sjahrir en reizge him yn 1932 mei har twa bern efternei nei't hy nei Nederlânsk-Ynje ôfset wie. Dêr troude sy mei him, mar doe't oan it ljocht kaam wa't se wie, setten de autoriteiten har op de boat werom nei Nederlân. Daar skiede se fan har man en boaske oan Sjahrir.[1] Tas bleau oars op freonskiplike wize mei Sjahrir korrespondearjen.[2]

Yn de Twadde Wrâldoarloch siet Tas ûnderdûkt yn Amsterdam. Hy wie belutsen by in ûndergrûnske politike stúdzjegroep, dêr't ek Joop den Uyl by siet. Nei de oarloch waard Tas yn 1946 gemeenteriedslid foar de PvdA yn de gemeente Amsterdam|Amsterdam. Ek gie er as sjoernalist oan 't wurk foar Het Parool. Tas ûntjoech him ta in fûleinich antykommunist.

Yn 1970 gie Tas by de PfdA wei en waard er lid fan de rjochtse ôfspjalting fan dy partij, DS'70. Hy moast neat hawwe fan bewegingen as Provo en de Kabouters, en ek net fan de PfdA-fernijingsbeweging Nieuw Links, dy't pleite foar erkenning fan de DDR.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Giebels, Lambert (1999). Soekarno, een Nederlands onderdaan: Een biografie (1901-1950). Utj. Bert Bakker: Amsterdam, s.165-166
  2. Giebels, Lambert (1999). Soekarno, een Nederlands onderdaan: Een biografie (1901-1950). Utjouwerij Bert Bakker: Amsterdam, s.223