Sammy Davis jr. (folút: Samuel George Davis jr.; New York (New York), 8 desimber 1925Beverly Hills (Kalifornje), 16 maaie 1990), wie in Amerikaansk sjonger, dûnser, komyk en akteur fan mingd Afro-Amerikaansk-Latino-komôf. Hy sette mei syn karriêre útein as teäterartyst, en briek yn 1951 troch. As sjonger hold er him yn 't earstoan benammen by de jazz, hoewol't er letter stadichoan opskode nei de popmuzyk. As akteur spile er benammen yn musicals en toanielstikken, al hied er ek in hoartsje syn eigen tillefyzjeprogramma en ferfolle er rollen yn ferskate films, wêrûnder The Cannonball Run. Davis stie ek bekend om syn imitaasjes fan bekende Amerikanen, en om syn kontroversjele leafdeslibben (sa wied er troud mei in blanke frou doe't rasseferminging yn it grutste diel fan 'e Feriene Steaten noch by wet ferbean wie). Hy wûn twa (postume) Grammy Awards, in Emmy Award en ferskate oare prizen. Yn 1990 ferstoar er oan kielkanker.

Sammy Davis jr.
sjonger en/of muzikant
Sammy Davis jr. yn 1989.
Sammy Davis jr. yn 1989.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Samuel George Davis jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 desimber 1925
berteplak New York (New York)
stoarn 16 maaie 1990
stjerplak Beverly Hills (Kalifornje)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Kubaansk
wurkpaad
sjenre jazz, soul
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint piano, drumstel
grutste hit(s) What Kind of Fool Am I?
The Candy Man
jierren aktyf 19281990
prizen Emmy Award 1985
Grammy Award 2001
offisjele webside
gjint

Libben bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Davis waard yn 1925 berne yn 'e buert Harlem, yn 'e Newyorkske wyk Manhattan, as it ienlingsbern fan Sammy Davis sr., in Afro-Amerikaanske vaudeville-artyst, en Elvera Sanchez, in tapdûnseresse fan Latino-komôf. Sels hold Davis altyd út dat syn mem in Portorikaanse wie, mar syn biograaf Wil Haygood skreau yn 2003 yn it boek In Black and White, nei't er him yn 'e kwestje ferdjippe hie, dat se eins in Kubaaanse wie, mar dat Davis nei de kommunistyske machtsoername op Kuba bang wie om imagoskea op te rinnen as er dêrfoar útkaam.

 
It Will Mastin Trio (f.l.n.rj.: Sammy Davis sr., Sammy Davis jr. en Will Mastin).

As poppe waard Davis fersoarge troch syn beppe oan heitekant, mei't syn âlden as dûnsers allegeduerigen op toernee wiene. Doe't er trije jier wie, giene syn âldelju útinoar. Syn heit krige de fâdij tawiisd en naam him mei op toernee by de Amerikaanske teäters lâns. Sadwaande learde Davis al ier om te dûnsjen, sawol fan syn heit as fan syn "omke" Will Mastin, de lieder fan 'e dûnstroep dêr't syn heit by oansletten wie. Davis joech him dêr sels ek al jong by en mei Mastin en syn heit foarme er it Will Mastin Trio. Dêrby namen de beide folwoeksen mannen him yn beskerming tsjin it rasisme en de diskriminaasje dêr't se as swarten yn dy tiid yn Amearika allegeduerigen mei te krijen hiene. Sa waard ûnfatsoenlik hâlden en dragen troch blanken oan him útlein as in utering fan oergeunstigens op harren dûnstalint.

Doe't Davis ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 1943 yn tsjinst moast, ûntdiek er ynienen hoe't de foarke echt yn 'e stâle siet. Letter seid er dêroer: "Samar ynienen seach de wrâld der oars út. Hy wie net ien kleur mear. Ik koe sjen hokfoar beskerming oft ús heit en Will my altyd bean hiene. Ik wurdearre harren leafde en har hoop dat ik nea hoege soe te witten fan 'e foaroardielen en de haat, mar dêr wiene se mis mei." Om't Davis yndield waard by in spesjale ienheid dy't optrede moast foar de gewoane troepen, hied er minder ûnder it rasisme te lijen as dat it gefal west hawwe soe as er sljochtwei soldaat west hie. Sels lju dy't him ferachten om syn hûdskleur mochten him graach optreden sjen.

 
Davis ûnder de Mars op Washington foar Wurk en Frijheid, yn 1963.

Karriêre bewurkje seksje

Nei't er ôfswaaid wie, joech Davis him wer by it Will Mastin Trio, dat yn dy tiid by de teäters fan Portland, yn Oregon lâns reizge. Dêrnjonken krige er op himsels ek súkses, en yn 1951 briek er troch mei in optreden yn 'e nachtklub Ciro's, yn West Hollywood, dat folge op 'e útrikking fan 'e Oscars fan dat jier. Hy brocht ferskate albums út dy't it goed diene en loovjende kritiken fan 'e resinsinten krigen, en yn 1954 waard er frege om 'e titelsong te sjongen fan 'e film Six Bridges to Cross, fan 'e studio Universal Pictures. Yn 1956 spile er de haadrol yn it Broadway-toanielstik Mr. Wonderful. Teffens spile er in protte yn musicals. Yn 1959 waard er lid fan 'e ferneamde Rat Pack, mei û.o. Frank Sinatra en Dean Martin. Dy groep makke ferskate films mei-inoar, wêrûnder de orizjinele ferzje fan Ocean's Eleven (1960), Sergeants Three (1962) en Robin and the Seven Hoods (1964). Dêrnjonken treden se ek gauris mei-inoar op, fral yn Las Vegas, mar ek wol yn oare plakken.

Los fan 'e oare leden fan 'e Rat Pack trede Davis ek fêst op yn it Frontier Casino fan Las Vegas. Yn dy tiid wie it lykwols sa dat er in keamer hiere moast yn it pinsjon yn it westlike part fan 'e stêd, mei't de hotels dêr't syn blanke kollega's ferbleaune, gjin keamers oan swarten ferhierden. Swarte artysten krigen ek gjin klaaikeamers om har op har optreden ta te rieden, sa't blanken dy wol hiene, en tusken de bedriuwen troch moasten se bûtendoar, by it swimbad, wachtsje. Se mochten yn 'e hotels en kasino's dêr't se optreden wol gasten ûntfange, mar it wie har net tastien om der te gokken, te dinearjen of te drinken. Doe't er dêr letter finansjeel it frij ta hie, wegere Davis om noch langer te wurkjen foar horeka-gelegenheden dy't fêstholden oan 'e rasseskieding. Op 11 desimber 1967 stjoerde de omrop NBC de muzikale revu Movin' with Nancy út, mei Nancy Sinatra (Frank Sinatra syn dochter) yn 'e haadrol. Dat programma waard berucht troch de tút wêrmei't Davis en Nancy Sinatra inoar begroeten, de earste swart-blanke tút út 'e Amerikaanske tillefyzjehistoarje.

 
Davis by in optreden yn 1966.

Hoewol't er noch altyd folle sealen loek yn Las Vegas, rekke Davis syn karriêre tsjin 'e ein fan 'e jierren sechstich yn it neigean. Syn besykjen om mear yn 'e smaak te fallen by in jonger publyk resultearre yn guon platen dy't útbrocht waarden by it Motown-label. Krekt doe't syn karriêre alhiel foarby liek, skoarde Davis lykwols yn 1972 in nûmer 1-hit mei it liet The Candy Man. Sels wied er net wei fan dat ferske, dat hy baalde der eins wat fan dat er dêr tenei daliks mei assosjearre waard, mar tagelyk wied er genôch in sakeman en gryp dy kâns om syn karriêre wer op te kallefaterjen. Yn 1976 song er de titelsong foar de populêre plysjesearje Baretta, en hy hie ferskate kameoroltsjes yn bekende tillefyzjesearjes, lykas I Dream of Jeannie, Charlie's Angels en All in the Family, wêryn't er yn in ferneamd wurden sêne Archie Bunker (spile troch Carroll O'Connor) in tút op it wang joech. Mei't er in fan fan soapsearjes wie, hied er ek ferskate kearen in gastrol yn û.m. General Hospital en One Life to Live. Yn 1981 spile er mei û.o. Burt Reynolds yn 'e komyske aksjefilm The Cannonball Run. Yn 1987 joech er him wer by Frank Sinatra en Dean Martin, en giene de trije mannen op wrâldtoernee mei Liza Minnelli.

Priveelibben bewurkje seksje

By in auto-ûngemak op 19 novimber 1954, yn 'e neite fan it Kalifornyske San Bernardino, rêde Davis it by de dea om 't ôf, mar ferlear er syn loftereach. De rest fan syn libben droech er oan dy kant in glêzen each. Earne healwei de jierren fyftich bekearde er him fan it kristendom ta it joadendom. Op polityk mêd wied er syn libben lang in lid fan 'e Demokratyske Partij. Yn 1973 brocht er, by in kontroversjeel ynsidint, de Republikeinske presidint Richard Nixon yn ferlegenheid troch de man live op 'e tillefyzje oan te krûpen.

 
Davis op besite by presidint Richard Nixon, yn 1973.

Njonken syn karriêre as artyst, sjonger en akteur wie Davis ek in fûleindich amateur-fotograaf. Syn wurk is yn dy sin ynteressant, om't der unike foto's tusken sitte fan Davis syn freonen en kunde, lykas Jerry Lee Lewis, Dean Martin, Frank Sinatra, Nat King Cole, Elvis Presley, Marilyn Monroe, Robert Kennedy, Jackie Kennedy en Martin Luther King.

Yn 1957 hie Davis in ferhâlding mei de jonge blanke aktrise Kim Novak, doe't sokke mingde relaasjes yn Amearika noch in folslein taboe wiene. Harry Cohn, it haad fan Columbia Studios, dêr't Novak ûnder kontrakt stie, liet Davis doe om him ôf te skrikken ûntfiere en bangmeitsje troch syn maat, de maffiaman Johnny Roselli. Davis syn rimpen beävensearre en like gau wer ferbrutsen houlik mei de Afro-Amerikaanske dûnseresse Loray White, yn 1958, wie in besykjen om it spul del te bêdzjen nei't der geruchten oer de ferhâlding mei Novak begûnen rûn te gean.

Yn 1960 wertroude Davis lykwols mei in oare blanke frou, de Sweedske aktrise May Britt. Oant 1967 wiene sokke mingde houliken noch by wet ferbean yn 31 fan 'e 50 Amerikaanske steaten, mar yn New York, dêr't it houlik sletten waard, wiene se doe al folslein legaal. Neitiid begûn Davis hatemail te ûntfangen fan rasisten. Mei May Britt krige er in dochter, Tracey, en dêrnjonken namen se noch twa jonges oan. Davis wie lykwols altyd fan hûs foar syn optredens. Letter soed er tajaan dat er doe ek al wol wist dat er dêrmei syn gesin tekoart die, mar hy koe der gewoan net oer om stil te sitten. It houlik mei May Britt rûn yn 1968 op 'e klippen, nei't Davis opbychte dat er in affêre hân hie mei de sjongster Lola Falana. Datselde jiers noch begûn er om te gean mei de Broadway-dûnseresse Altovise Gore, mei wa't er op 11 maaie 1970 troude by in tsjerketsjinst dy't laat waard troch dûmny Jesse Jackson. Mei har naam Davis yn 1989 noch in jonge oan, Manny. Altovise Gore bleau by him oant syn ferstjerren.

 
Sammy Davis jr. yn 1986.

Dea bewurkje seksje

Yn 1989 waard by Davis kielkanker fêststeld. De dokters seine dat er de bêste kâns hie as er in laryngektomy ûndergie, wêrby't syn strôte ferwidere wurde soe. Davis antwurde dat er net sûnder syn stim koe. De alternative behanneling, in kombinaasje fan gemoterapy en bestrieling, wie lykwols net genôch, en úteinlik stimde er dochs yn mei de operaasje. Davis ferstoar in pear wiken letter, op 16 maaie 1990, yn it Kalifornyske Beverly Hills. Hy waard begroeven yn Glendale, njonken syn heit en Will Mastin.

Postúm waard Davis yn 2001 in Grammy Award (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis) takend foar syn hiele oeuvre, en in jier letter waard er ynhuldige as lid fan 'e Grammy Hall of Fame. By syn libben wie Davis al trijeris nominearre foar in Grammy, fjouwer kear foar in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) en ien kear foar in Tony Award (de wichtichste Amerikaanske toanielpriis). Yn 1985 wie him op syn sechstichste jierdei in Emmy útrikt yn 'e kategory "treflike fariëtee, muzyk of komeedzje".

Diskografy bewurkje seksje

Sjoch foar de folsleine diskografy fan Sammy Davis jr. op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.