Samson Beaver (yn Alberta, 1877 – dêre, nei 1908) wie in Kanadeesk jager en gids fan Yndiaansk komôf. Nei him is de berch Samson Peak ferneamd, yn 'e Rocky Mountains fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta.

Samson Beaver
Samson Beaver en syn gesin yn 1906.
Samson Beaver en syn gesin yn 1906.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Samson Beaver
nasjonaliteit Kanadeesk
berne 1877
berteplak yn Alberta
stoarn nei 1908
stjerplak yn Alberta
etnisiteit Noardlik Stony
wurkpaad
berop/amt gids
jierren aktyf 19061908

Libben bewurkje seksje

Samson Beaver waard yn 1877 berne yn 'e Rocky Mountains fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta. Hy wie in Stony-Yndiaan, dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en it begjin fan 'e tweintichste iuw as gids bydroech oan it yn kaart bringen fan it wylde berchlân dat syn heitelân wie. Syn heit wie Job Beaver, dy't krektlyk in berchgids wie en nei wa't Job Pass en de Job Creek ferneamd binne.

As jonge fan fjirtjin beselskippe Beaver syn heit yn 1891 by in reis nei de mar dy't de Stony Chaba Imne neamden, de "Bevermar". Sechstjin jier letter, yn 1907, mette Beaver de ûntdekkingsreizichster Mary Schaffer, dy't doe al lang omdôch socht hie nei it paad dat har nei in ûnbekende berchmar heech yn 'e bergen tusken Lake Louise en Jasper liede soe. Beaver tekene foar har in lânkaart mei de rûte nei Chaba Imne sa't dy him noch bystie.

It jier dêrop kaam Schaffer werom mei har kammeraatske Mary Adams en de gidsen Sid Unwin en Billy Warren. Oan 'e hân fan 'e kaart fan Beaver fûnen se de mar, dy't se ferkenden mei in eigenboud flot dat se de HMS Chaba doopten. De mar stiet no bekend as de Maligne-mar (Maligne Lake). Samson Peak is in berchtop dy't deunby de Maligne-mar sitewearre is, en dy't sichtber is fan 'e mar ôf. Mary Schaffer neamde dy berch nei Beaver, en de dêr fuortby leine Leah Peak nei Beaver syn frou.

Samson en Leah Beaver hiene teminsten ien bern, harren dochter Frances Louise, mei wa't se ferivige binne op in ferneamde foto dy't Mary Schaffer yn 1906 fan harren naam. De ôfbylding waard neitiid populêr as ansichtkaart.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.