Sands Expo and Convention Center

It Sands Expo and Convention Center is in grut Amerikaansk konvinsjesintrum yn 'e stêdekloft fan Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. It stiet eins bûten de stedsgrinzen fan Las Vegas yn 'e foarstêd Paradise, fuortby de ferneamde Las Vegas Strip, dêr't ek alle grutte kasino's konsintrearre binne. It Sands Expo and Convention Center, dat eigendom is fan 'e Las Vegas Sands Corporation, waard tusken 1988 en 1990 boud. It stie oarspronklik efter it âlde Sands Hotel. By de iepening wie it Sands Expo it op ien nei grutste konvinsjesintrum fan 'e wrâld en teffens it iennichste Amerikaanske konvinsjesintrum dat yn it besit fan in private eigner wie.

Sands Expo and Convention Center
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Nevada
plak Paradise
adres 201 Sands Avenue
koördinaten 36°07′18″ N 115°09′57″ W
bysûnderheden
type bouwurk konvinsjesintrum
keatling Las Vegas Sands
boujier 19881990
oare ynformaasje
oerflak 685.800 m² (totaal)
610 m² (grutte seal)
tal ferdjippings 3
kapasiteit 3.000 (skouboarch)
kosten $ 105 miljoen
offisjele webside
www.venetian.com/meetings/
kaart
Sands Expo and Convention Center (Las Vegas)
Sands Expo and Convention Center

Omskriuwing bewurkje seksje

It Sands Expo and Convention Center hat in totaal oerflak fan 685.800 m². Dêrby is ek in parkearterrein ynbegrepen mei romte foar 300 auto's en in fytsestalling mei romte foar 60 fytsen. It gebou bestiet út trije ferdjippings. Der is in evenemintehal mei in oerflak fan 610 m² en in skouboarch mei 3.000 sitplakken. Fierders binne der 5 balsealen, 6 gearkomstesealen en 45 klaslokaaleftige keamers. De bou fan it Sands Expo koste ein tachtiger jierren $105 miljoen.

Yn 2008 waard it Sands Expo folslein renovearre, wêrby't de trêde ferdjipping op it oarspronklike gebou fan twa ferdjippings pleatst waard. Teffens waard der in hiel nij gebou oan it konvinsjesintrum tafoege. In lange fuotgongersbrêge ferbûn it âlde mei it nije gebou. Fierders waard oer de helte fan it âlde gebou in flatgebou hinne boud mei in hotel en apparteminten.

Aktiviteiten bewurkje seksje

It Sands Expo and Convention Center wurdt gauris brûkt foar konvinsjes dy't boekt binne yn 'e njonkenlizzende Venetian- en Palazzo-hotels en -kasino's, dy't ek eigendom binne fan 'e Las Vegas Sands Corporation. Fierders fangt it Sands Expo ek gauris de konvinsjes op dy't te grut wurde foar it Las Vegas Convention Center. Fan 1998 oant en mei 2011 waard yn it Sands Expo bgl. elts jier it AVN Adult Entertainment Expo holden.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.