Sanne Marguerite Terlouw (11 maaie 1959) is in Nederlânsk auteur en publisiste. De lêste jierren skriuwt se foaral detektives mei har heit, D66-politikus Jan Terlouw.

Sanne Terlouw
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Ike Smitswater
echte namme Sanne Marguerite Terlouw
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 11 maaie 1959
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Detektiveferhaal, edukatyf
útjouwer U.o.:
Nieuw Amsterdam
prizen Libelle Romanpriis
jierren aktyf 1985 - no
offisjele webside
Profyl yn de DNBL

Biografy bewurkje seksje

Sanne Terlouw is in dochter fan Jan Terlouw en Alexandra van Hulst (1935–2017). Se hat twa susters en in broer.

Sanne Terlouw hat har heit doe't se jong wie faak holpen by it skriuwen troch har nijsgjirrige fragen oer bygelyks de oarloch. Sa frege se him hoe't de Twadde Wrâldoarloch foar in bern fan trettjin wie en Jan Terlouw hat dêr doe it boek Oorlogswinter oer skreaun. Sanne Terlouw studearre yn 1985 ôf yn Nederlânske taal- en letterkunde.
Om 1986 begûne Sanne en har heit tegearre te skriuwen. Sy skreaune koarte ferhalen mei it doel der in detektiveboek foar bern fan te meitsejen. Troch de drokke baan fan Jan Terlouw as Kommissaris fan de Keninginne slagge it lykwols net om dêrmei troch te gean. Yn 2005 hawwe se it projekt fannijs oppakt.[1]

Dêrfoar hie Sanne Terlouw oars ek al publisearre ûnder it pseudonym Ike Smitswater.[2] Under dit pseudonym hat se ferskate boeken publisearre, û.o.: Het graf in de tuin en andere verhalen (1992) en Het raadsel van de familie Liezekies (1993).

Yn 2000 wûn Terlouw de Libelle Romanpriis foar it boek Het strijkkwartet.

Fan 2014 ôf hat Terlouw in bed and breakfast yn de Bergstrjitte yn Dimter.

Bibliografy bewurkje seksje

De bibliografy fan Sanne Terlouw. De list jout ek in protte edukative boeken en ferskate ûnder har skûlnamme Ike Smitswater.

  • 1990 - Reizigers
  • 1991 - Informatica, meer dan computers
  • 1992 - ...En thans, mijne dames en heren: proefwerk drop
  • 1992 - Het graf in de tuin en andere verhalen
  • 1992 - Aan tafel met pasta & rijst
  • 1992 - Epilepsie
  • 1992 - Steekhoudend vakwerk
  • 1992 - Wijzer op weg
  • 1993 - Het raadsel van de familie Liezekies
  • 1993 - De dief en het slapende meisje
  • 1993 - Biotechnologie en ethiek
  • 1993 - Een oogje op je ogen
  • 1993 - Een wereld van verschil
  • 1993 - Jeugdpuistjes, wat moet je er mee?
  • 1993 - Makelaar in onroerende goederen
  • 1993 - Mijn vriendje heeft epilepsie
  • 1994 - Zorgen voor jezelf
  • 1994 - Gezond ouder worden met anti-oxidanten
  • 1994 - Hogeschool voor de kunsten Utrecht
  • 1994 - Met toekomst bouwen
  • 1995 - Algemene Operationele Technologie [AOT]
  • 1995 - Het geheim van de grijze cellen
  • 1995 - Ons verhaal
  • 1995 - Ze moeten wel een dikke huid hebben...
  • 1996 - Bloed
  • 1996 - De wenteltrap, Ivo en z'n DNA
  • 1996 - Mijn oma Margriet
  • 1997 - Als de problemen je boven het hoofd groeien
  • 1997 - Artsen zonder grenzen
  • 1997 - Een baan, maar hoe?
  • 1997 - Geen huis om in thuis te komen
  • 1997 - Tijd voor een goed ontbijt
  • 1997 - Verbeelding van taal
  • 1997 - Zuinig op je oren
  • 1997 - Vet lekker, vet gezond
  • 1998 - In gevecht met je lichaam
  • 1998 - Waar gaat u met mijn afval heen?
  • 1998 - Zoekzakboek
  • 1999 - De vitamine-vriendjes
  • 1999 - Iedereen is anders
  • 2000 - Het strijkkwartet
  • 2000 - Epi wattes
  • 2000 - Epilepsie, nou en!!
  • 2000 - Kanker, wat weet je ervan?
  • 2001 - De tante van Pietje
  • 2001 - Thuiszorg
  • 2002 - Letters op de snelweg
  • 2003 - Help, waar blijft mijn eten?!
  • 2006 - Reders & Reders I: De charmeur (mei har heit Jan Terlouw)
  • 2007 - Reders & Reders II: Venijn (mei Jan Terlouw)
  • 2008 - Het Rozeneiland
  • 2008 - Reders & Reders III: De apotheker (mei Jan Terlouw)
  • 2009 - Reders & Reders IV: De Blauwe Tweeling (mei Jan Terlouw)
  • 2010 - Reders & Reders VDe Vuurtoren (mei Jan Terlouw)
  • 2011 - Reders & Reders VI Hellehonden (mei Jan Terlouw)
  • 2013 - De Verdwenen Menora (mei Jan Terlouw)
  • 2015 - In huis met een seriemoordenaar (mei Jan Terlouw)
  • 2019 - De 90ste verjaardag van Louis van Roosgaarde (mei Jan Terlouw)

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wereldomroep.nl - De hechte band van Jan en Sanne Terlouw, 26 augustus 2006, Klaas den Tek, ûntfongen op 25 maart 2008.
  2. Jan en Sanne Terlouw - Jan en Sanne Terlouw, 2 febrewaris 2009.