Sant’Apollinare in Classe

De Sant'Apollinare in Classe is in oan Apollinaris, de earste biskop fan it bisdom Ravenna, wijde tsjerke yn Classe, de eardere Romeinske haven súdlik fan Ravenna, Itaalje. De basilyk is lykas oare tsjerken benammen bekend fanwegen de Byzantynske mozaïken yn 'e tsjerke. Tegearre mei sân oare bouwurken yn Ravenna falt de Sant'Apollinare in Classe ûnder de "Ierkristlike Monuminten fan Ravenna" fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Sant’Apollinare in Classe
Lokaasje
lân Itaalje
plak Ravenna
adres Via Romea Sud 224
koördinaten 44° 22' N 12° 13' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
status basilica minor
Arsjitektuer
boujier Earste helte 6e iuw
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Webside
www.parrocchiadiclasse.it
Kaart
Sant’Apollinare in Classe (Itaalje)
Sant’Apollinare in Classe

De tsjerke waard yn 1960 troch paus Jehannes XXIII de status fan in basilica minor ferliend.

Lokaasje bewurkje seksje

Under keizer Augustus ûntstie tusken de jierren 35-12 f.Kr. de haven fan 'e stêd Civitas Classis as in wichtige kriichshaven fan it Westromeinske Ryk. Classis wie in plak dêr't ferskillende kultueren en godstsjinsten by inoar kamen. Hjir ûntstiene ek de earste kontakten mei Konstantinopel en it Byzantynske Ryk. Apollinaris út Antiochje wie yn 'e 1e iuw of it begjin fan 'e 2e iuw nei Kristus nei Classis kommen en stifte dêr de earste kristlike gemeente. Hy wie ek de earste biskop fan Ravenna. Yn 'e 2e iuw nei Kristus, doe't de stêd al de namme Classe hie, sette it kerstenjen fan it gebiet útein. It tal oanhingers fan it kristendom woeks hurd oan en al yn 'e 4e en 5 iuw koene der in soad yndrukwekkende tsjerken boud wurde.

Skiednis bewurkje seksje

 
Ynterieur.

De bou fan 'e tsjerke waard troch de rike bankier Iulianus Argentarius betelle. Op 9 maaie 549 fûn troch biskop Maksimianus de wijing plak. Apollinaris waard de patroanhillige fan 'e nijbou en de basilyk waard oer syn grêf hinne boud. Yn 'e midden fan 'e 9e iuw waard de ynhâld fan it grêf nei de Sant'Apollinare Nuovo oerbrocht, om't dy tsjerke minder op ôfstân en sintraal yn Ravenna stie. Yn Ravenna wie de tsjerke better tsjin plonderings te ferdigenjen.

Ynterieur bewurkje seksje

It ynterieur (55,58 × 30,30 m) bestiet út trije skippen, dy't fan inoar skieden wurde troch twa rigen fan 12 pylders. De lange tsjerke hat in houten plafond, it oarspronklike kassetteplafond is net bewarre bleaun. Fan 'e earder mei mozaïken dekorearre flier binne allinne resten oerbleaun.

 
Mozayk Sint-Apollinaris

In brede trep rint nei de apsis. Yn of ûnder it alter lei it grêf fan de patroanhillige. It mozayk fan 'e apsis moat de Ferhearliking op 'e Berch foarstelle. Under it krús, dat Jezus symbolisearret, is in grien lânskip mei blommen en skiep en yn it midden de patroanhillige Apollinaris te sjen. De mozaïken fan 'e triomfbôge binne fan lettere datum. Guon datearje dat wurk út de sânde iuw, oaren miene dat it 9e-iuwsk is. Sintraal wurdt Kristus yn in medaljon ôfbylde mei oan wjersiden de symboalen fan 'e fjouwer evangelisten. Dêrûnder ferlitte tolve lammen, dy't de apostels symbolisearje, de hillige stêden Jeruzalim en Betlehim.

Sarkofagen bewurkje seksje

Oan 'e binnenmuorren fan 'e sydskippen steane tsien sarkofagen fan Gryksk moarmer. Alle sarkofagen waarden brûkt om de ferstoarne biskoppen fan 'e 5e oant de 8e iuw by te setten.

Krypte bewurkje seksje

Yn 'e krypte stiet ûnder it heechalter in sarkofaach fan Gryksk moarmer, dêr't it omskot fan Apollinaris eartiids yn lei. Njonken in kapel stiet in siboarium fan moarmer út de 9e iwu, dat oan de hillige Eleucadius, in iere biskop fan Ravenna, wijd wie.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Sant’Apollinare in Classe