Sarah Gilman (Los Angeles, 18 jannewaris 1996) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise, dy't benammen bekend wurden is mei har rol as Delia yn 'e tillefyzjesearje I Didn't Do It, fan it Disney Channel.

Sarah Gilman
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sarah B. Gilman
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 jannewaris 1996
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
Sarah Gilman op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Gilman waard yn 1996 berne yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Se gie nei de middelbere skoalle op 'e Flintridge Preparatory School, dêr't se yn ferskate sporten aktyf wie, wêrûnder follybal, wetterpolo, basketbal, softbal en fuotbal. Ek makke se as iennichste famke op har skoalle it swiere treningsprogramma ôf dat nedich wie om kâns te meitsjen op in plak yn it Amerikaansk fuotbalteam. Op 1 juny 2014 slagge se foar har eineksamens, wêrnei't se yn septimber fan dat jier úteinsette mei in stúdzje filmproduksje, senarioskriuwen en toaniel oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Gilman begûn har aktearkarriêre as bern op it toaniel, en spile haadrollen yn musicals as Narnia, Alice en You're a Good Man, Charlie Brown. Yn 2011 makke se mei fyftjin jier har debút op it wite doek yn 'e koarte film Hold for Laughs, dêr't se de haadrol yn fertolke fan Margaret, in trettjinjierrich famke dat narre wurdt op in roomske skoalle foar fuortset ûnderwiis.

Op 'e tillefyzje wie Gilman foar it earst te sjen yn 2012, yn in gastrol yn 'e ôflevering Baby Fever fan 'e searje Up All Night. Oare gastrollen hie se yn searjes as Marvin Marvin (2013), Kroll Show (2014) en Jessie (2015). Fan 2012 ôf wie Gilman ek te sjen yn in weromkearende rol yn njoggen ôfleverings fan 'e komeedzjesearje Last Man Standing, as Cammy, de bêste freondinne fan jongste dochter Eve (spile troch Kaitlyn Dever), dy't op in stuit lesbysk blykt te wêzen en fereale is op Eve.

Gilman waard lykwols it bekendst mei har fêste rol as Delia Delfano yn 'e komeedzjesearje I Didn't Do It, dy't útstjoerd waard op it Disney Channel. Dy rige rûn twa seizoenen, fan 2014 oant 2015. Fierders spile Gilman yn 2018 de rol fan Velma Dinkley (it fanke mei de bril yn Scooby Doo) yn 'e film Daphne & Velma, dy't lykwols net yn 'e bioskopen te sjen wie, mar streekrjocht op fideo útbrocht waard. Yn 2018 krige Gilman ek de fêste rol fan Wynn taparte yn seizoen 4 fan 'e tillefyzjesearje Foursome.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
2011 Hold for Laughs Margaret koarte film
2018 Daphne & Velma Velma Dinkley direkt-op-fideo útbrocht
tillefyzje
2012 Up All Night Jamie gastrol; ôfl. Baby Fever
2012–2017 Last Man Standing    Cammy Harris weromkearende rol; 9 ôfl.
2013 Marvin Marvin Hailey gastrol; ôfl. Double Date
2014 Kroll Show dochter fan Cardoni    gastrol; ôfl. Sponsored by Stamps
2014–2015 I Didn't Do It Delia Delfano fêste rol
2015 Jessie Delia Delfano gastrol; ôfl. The Ghostest with the Mostest
2018 Foursome Wynn fêste rol yn seizoen 4

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.