Saratov (Russysk: Саратов) is in grutte havenstêd oan de Wolga yn Ruslân en it bestjoerlik sintrum fan it oblast mei deselde namme as de stêd. It is ien fan de twintich grutste stêden fan Ruslân en alhoewol't de stêd gjin miljoenenstêd is, telt de aglomeraasje Saratov mear as 1,2 miljoen ynwenners.

Saratov
Saratov mei brêge oer de Wolga en op de foargrûn de Hillig-Geastkatedraal
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Saratov
Sifers
Ynwennertal 818.383 (2022)
Oerflak 838,6 km²
Befolkingstichtens 975,89 1 / km²
Hichte 50 m
Oar
Stifting 1590
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 51° 32' N 46° 00' E
Webside Gemeenteside

De stêd leit oan de rjochter kant fan it Wolgograd-opslachmar fan de Wolga, mei oan de oare kant fan de rivier de mûning fan de rivier Saratovka en de stêd Engels. De ôfstân is 389 km fan Volgograd, 442 km van Samara en 858 km súdeastlik fan de haadstêd Moskou.

Skiednis bewurkje seksje

De namme fan de stêd is ôflaat fan de Tataarske wurden Sari Tau, itjinge "giele berch" betsjut. De stêd waard yn 1590 stifte troch Ivan de Ferskriklike as fort om de hannelsrûte oer de Wolga feilich te stellen.

De geunstige lizzing fan de stêd op it plak dêr't de lânrûte fan de Wolga nei Moskou op it koartst is makke fan Saratov in wichtich sintrum foar de oerslach fan fisk en sâlt.

 
De Trije-ienheidskatedraal is boud yn de styl fan de Moskouse barok yn de jierren 1689-1695

Katarina de Grutte makke mei in dekreet yn 1762 in ein oan it ferfolgjen fan âldleauwigen en se mochten harren yn it Wolga-gebiet nei wenjen sette. Ek noege se yn 1763 bûtenlanners, benammen Dútsers, út om harren nei wenjen te setten om de nije gebieten (it saneamde Novorussia; Nij-Ruslân) dy't troch de Russisch-Turkske oarloggen oan it Russyske Ryk tafoelen te kolonisearjen. De saneamde Wolgadútsers lieten harren ynfloed op de arsjitektuer efter. Se kamen tusken 1763 oant 1767 oarspronklik benammen út Beieren, Baden, Hessen, de Palts en it Rynlân. Yn it Russyske Ryk krigen de Dútsers geunstige betingsten en in bysûndere politike status, lykas selsbestjoer, it brûken fan it Dútsk as amtlike taal en frijstelling fan militêre tsjinst. Fan de twadde helte fan de 18e iuw oant harren deportaasjes yn de Twadde Wrâldkriich wenne der in grutte mienskip Wolgadútsers yn Saratov, dy't in grutte bydrage levere oan it ûnderwiis, de wittenskip, de yndustrialisaasje en it kulturele libben yn 'e stêd.

Ta neitins oan de oerwinning op Napoleon yn 1812 waard yn it sintrum fan de stêd de monumintale Aleksander Nevski-tsjerke boud (yn 1932-1938 ferneatige). Yn 1813 waarden Frânske kriichsfinzenen nei Saratov ferballe. Se krigen in funksje by de publike wurken fan de stêd, lykas de bou fan damen en it oanlizzen fan parken. In soad Frânsen namen de russyske nasjonaliteit oan en bleaune yn Saratov. Se iepenen ambachtlike bedriuwen en oaren fûnen wurk as learkrêft yn russyske hûshâldings of ûnderwiisynstellings.

Yn de 19e iuw waard de stêd trije kear troffen troch in útbraak fan goalera. Dy fan 1830 duorre mear as in moanne en easke wol 10.000 slachtoffers.

De Wolga makke van Saratov in wichtige haven en it tal ynwenners naam ta, wylst ek it oansjen fan de stêd feroare. Tige wichtich foar de ûntwikkeling wie de oanlis fan it spoar Tambov-Saratov fanôf july 1871, dy't de stêd ferbûn mei it spoarnet fan it lân en Saratov oer it spoar tagong joech ta de havens fan de Eastsee, Moskou en Sint-Petersburch. It wie de tiid dat de yndustrialisaasje in grutte flecht naam. Saratov bleau oant it ein fan de jierren 1920 de grutste fan de Wolga-stêden en offisjeus waard it de haadstêd fan de Wolga-regio neamd.

Yn de Twadde Wrâldkriich ferhûzen in soad fabriken en militêre opliedingen út it westen fan it lân nei it easten. Ek Saratov wie ien fan de nije fêstigingsplakken. Oant 1990 bleau Saratov in sletten stêd fanwegen it grutte tal bedriuwen yn de stêd dy't foar de definsje wurken. De Sovjet-Uny hie der foar de bou fan fleantugen in grutte loftfeartfabryk. In soad ûndernimmings fan Saratov fierden letter ek wurk út foar it Sovjet-romtefeartprogramma. Nei de ynfal fan de it Tredde Ryk yn juny 1941 beskuldige Jozef Stalin de Wolgadútsers kollektyf fan kollaboraasje en liet se nei Sibearje en Sintraal-Aazje deportearre om se dêr yn wurkkampen ûnder te bringen, wêrby't tûzenen ferstoaren. Oan it begjin fan de jierren 1980 binne in soad Wolgadútsers dy't it oerlibbe hiene emigrearre nei Dútslân.

Tegearre mei Engels en oare plakken foarmet Saratov in stêdekloft fan 1,15 - 1,2 miljoen minsken. Der binne útstellen om Saratov en Engels gear te foegjen ta ien miljoenenstêd.

Befolking bewurkje seksje

Saratov is in stêd op it krúspunt fan in soad kultueren en leit by de grins fan Europa en Aazje. Yn 2010 hie de befolking de folgjende gearstalling:

# Nasjonaliteit oantal (%)
1 Russen 745.371 91,6 %
2 Tataren 14.778 1,8 %
3 Oekraïners 10 4758 1,3
4 Armeenjers 8.892 1,1 %
5 Kazakken 7.288 0,9 %
6 Azerbeidzjanen 5.728 0,7 %
7 Mordwinen 2.276 0,3 %
8 Wyt-Russen 2.132 0,3 %
9 Joaden 1 812 0,2 %
10 Tsjûvasjen 1 730 0,2 %
oars 13.380 1,6%
Totaal 813.862 100,00 %

Stedsyndieling bewurkje seksje

 
Stedsyndieling

Saratov is it bestjoerssintrum fan it oblast Saratov. Wylst it oblast Saratov is ferdield yn 38 rajons, is de stêd sels ûnderferdield yn seis stedsdielen, dy't ek rajons neamd wurde.

Rajon Russyske namme Ynwennertal (2018)
Volzjski (1) Волжский 68.261
Zavodskoi (2) Заводской 196.024
Kirovski (3) Кировский 132.304
Leninski (4) Ленинский 276.341
Oktjabrski (5) Октябрьский 123.294
Frûnzenski (6) Фрунзенский 48.634

It besjen wurdich bewurkje seksje

Saratov is in wichtich kultureel sintrum oan de Wolga. De binnenstêd is tige pittoresk en der binne in soad gebouwen út ferskillende tiidrekken te sjen. Moaie foarbylden fan Jugendstil-arsjitektuer, lykas de Villa Reinike dy't de arsjitekt Fjodor Sjechtel yn 1912 bouwe liet, binne oeral te sjen. In tige moaie tsjerke is de oan it begjin fan de 20e iuw boude Tsjerke fan it ikoan fan de Mem Gods. Ek de muoite wurdich is in autorit oer de trije kilometer lange âlde Wolgabrêge, dy't it sintrum fan de stêd ferbynt mei de oan de oare kant fan de Wolga lizzende stêd Engels.

Ien fan de grutste attraksjes yn de stêd is it op 29 july 1885 iepene Radisjtsjev-Keunstmuseum mei mear as 16.000 útstalde saken. It museum waard troch Aleksej Bogoljûbov (1824–1896), de pakesizzer fan Aleksandr Radisjtsjev, stifte. It is ien fan de grutste musea foar russyske keunst fan de wrâld .

It Folkekundich Museum is yn 1886 stifte en hat in grutte samling dat is ûnderbrocht yn in klassisistyske gebou.

De Opera fan Saratov hat in ynternasjonale namme. It gebou hat in unike arsjitektuer en datearret út 1803.

Ien fan de âldste teäters fan Ruslân stiet yn Saratov en waard yn 1803 stifte. It Drama-Teäter is sûnt 2009 ûnderborcht yn in modern gebou.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Саратов