De sauropsiden (Latynske namme: Sauropsida) foarmje in taksonomyske groep binnen it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de boppestamme fan 'e nijmûnigen (Deuterostomata), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen (Tetrapoda). De namme fan dizze groep komt út it Gryksk, en betsjut "hagedisgesichten". De sauropsiden omfiemje alle libbene soarten reptilen en fûgels en al har útstoarne en fossile sibben, wêrûnder de measte dinosauriërs.

Sauropsiden
In skylpodde en in ein: allebeide binne it sauropsiden.
In skylpodde en in ein: allebeide binne it sauropsiden.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
boppeklasse: fjouwerpoatigen (Tetrapoda)
(sûnder rang): sauropsiden (Sauropsida)
Goodrich, 1916

Taksonomy bewurkje seksje

De namme Sauropsida waard foar it earst yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw brûkt troch de Britske wittenskipper Thomas Henry Huxley, dy't op grûn fan fossilen fan 'e iere fûgelsoarten Hesperornis en Archaeopteryx ta de konklúzje kaam dat de fûgels út 'e dinosauriërs ûntstien wêze moasten. Neffens syn definysje, út 1863, waarden lykwols ek sûchdiereftige reptilen ta de sauropsiden rekkene, wêrfan't no bekend is dat dy ta de synapsiden hearre, de sustergroep fan 'e sauropsiden dêr't de sûchdieren út fuortkommen binne. De moderne omskriuwing fan 'e sauropsiden datearret fan 1916, doe't Edwin Stephen Goodrich regaad makke troch de sauropsiden los fan 'e synapsiden te definiëarjen.

Evolúsjonêre skiednis bewurkje seksje

De sauropsiden ûntstiene foar it earst sa'n 320 miljoen jier lyn, yn it Paleosoïkum. Yn it Mesosoïkum, dat duorre fan 250 oant 66 miljoen jier lyn, wiene se de grutste bisten op it lân, yn it wetter en yn 'e loft. Sadwaande wurdt dy perioade soms "it Tiidrek fan 'e Reptilen" neamd. Oan 'e ein fan it Mesosoïkum stoaren alle grutte sauropsiden út by in mondiaal útstjerrensbarren, wêrfan't men tinkt dat it feroarsake waard troch de ynslach fan in asteroïde yn 'e krite fan wat no de Golf fan Meksiko is. Mei útsûndering fan in pear iere fûgelsoarten rekke doe de hiele genetyske line fan 'e dinosauriërs útstoarn. Neitiid, yn it Senosoïkum, diversifiëarren de oerbleaune fûgels har op sadanige wize, dat hjoed de dei hast ien op 'e trije lânwringediersoarten in fûgelsoarte is.

Underferdieling bewurkje seksje

De sauropsiden wurde yn wittenskiplike útjeften gauris ûnderferdield yn 'e anapsiden (Anapsida) en de diapsiden (Diapsiden). Ta de anapsiden hearden in protte lytsere lândinosauriërs en de skylpodden, en ta de diapsiden hearden gruttere lândinosauriërs, de wetterdinosauriërs en fleanende dinosauriërs en ek de hagedissen en slangen, de krokkedillen en de fûgels. Oer it algemien wurdt lykwols faker in ferdieling yn reptilen (dinosauriërs ynbegrepen) en fûgels oanholden.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.