Schaumburg (Landkreis)

De Landkreis Schaumburg is in lânkring yn it sintrale diel fan it Dútske bûnslân Nedersaksen, westlik fan Hannover. De kreisstadt is Stadthagen. It distrikt ûnstie by de weryndieling fan Nedersaksen yn de jierren 1970 troch de fúzje fan de eardere lânkringen Schaumburg-Lippe en Grafschaft Schaumburg mei in pear gemeenten fan de eardere lânkring Springe. Yn de lânkring Schaumburg wenje likernôch 158.000 minsken. De lânkring bestiet út 38 gemeenten, wêrfan 33 gemeenten ûnder de 7 samtgemeinden yn 'e lânkring falle. De oare fiif binne saneamde ienheidsgemeenten.

Landkreis Schaumburg
flagge wapen
polityk
soarte gebiet lânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplak Stadthagen
tal gemeenten 38
kenteken SHG, RI
Kreisschlüssel 03 2 57
sifers
ynwennertal 158.406 (2020)
oerflak 675,57 km²
befolkingstichtens 234 / km²
oar
stifting 1977
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 52°17′ N 9°13′ E
webside side lânkring Schaumburg

De lânkring Schaumburg foarmet ûnderdiel fan de Metropoalregio Hannover-Braunschweig-Göttingen-Wolfsburg.

Geografy bewurkje seksje

De noardlike helte fan de lânkring leit yn de Noarddútske Leechflakte. De súdlike helte heart ta it Weserberchlân, dat bestiet út de berchtmes Harrl, Süntel, Bückeberg en Deister. De heechste punten fan de berchtmes mjitte likernôch 400 meter boppe seenivo. It Schaumburger Wald is in lange stripe bosk noardlik fan it Mittelland Kanal. Noardlik fan de grins fan de lânkring leit it 29,1 km² grutte Steinhuder Mar. Yn it súdlike diel streamt de Weser fan it easten nei it westen troch in brede delte en de stêd Rinteln.

De lânkring Schaumburg grinzget mei de klok mei (begjinnend yn it noarden) oan de lânkring Nienburg, oan de Regio Hannover en oan de lânkring Hameln-Pyrmont (allegear yn Nedersasken) en ek oan de distrikten Lippe en Minden-Lübbecke (alle twa yn Noardryn-Westfalen).

Gemeenten bewurkje seksje

 
Gemeenten yn de lânkring Schaumburg

Ienheitsgemeenten

  1. Auetal (sit: Rehren)
  2. Bückeburg, stêd
  3. Obernkirchen, stêd
  4. Rinteln, stêd
  5. Stadthagen, haadstêd

Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende plakken (* sit fan it bestjoer fan de samtgemeinde)

  1. Ahnsen
  2. Bad Eilsen *
  3. Buchholz
  4. Heeßen
  5. Luhden
  1. Beckedorf
  2. Heuerßen
  3. Lindhorst *
  4. Lüdersfeld
  1. Bad Nenndorf, stêd *
  2. Haste
  3. Hohnhorst
  4. Suthfeld (sit: Helsinghausen)
  1. Lauenhagen
  2. Meerbeck
  3. Niedernwöhren *
  4. Nordsehl
  5. Pollhagen
  6. Wiedensahl, flekke
  1. Helpsen *
  2. Hespe
  3. Nienstädt
  4. Seggebruch
  1. Apelern
  2. Hülsede
  3. Lauenau, flekke
  4. Messenkamp
  5. Pohle
  6. Rodenberg, stêd *
  1. Auhagen
  2. Hagenburg, flekke
  3. Sachsenhagen, stêd *
  4. Wölpinghausen

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Nedersaksen
 
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg