Sealterlân is in gemeente yn de landkreis Kloppenboarch yn de dielsteat Nedersaksen mei likernôch 13.031 ynwenners (2010) en in oerflak fan 123,5 km². De gemeente is ûntstien yn 1974 doe't de trije selsstandige gemeenten ta Sealterlân byinoar brocht binne.

Lokaasje fan it Sealterlân.

Geografy bewurkje seksje

 
Meganyske turfwinning yn Sealterlân, 1982

It Sealterlân leit tusken de plakken Lear, Kloppenboarch en Aldenboarch yn. It belangrykste wetter dat fan súd nei noard troch it hiele Sealterlân streamt is de Sealter Ie.

Doarpen bewurkje seksje

Sealterlân hat fjouwer doarpen:

Buorgemeenten bewurkje seksje

De buorgemeenten fan it Sealterlân binne:

Skiednis bewurkje seksje

 
Johanniterkapel Boukeläsk

De skiednis fan Sealterlân is nau ferbûn mei de rivier Sealter Ie en de sompen dy't eartiids om it Sealterlân hinne leinen. Mids al dy sompgebieten en wetter wie it Sealterlân in smelle stripe lân fan likernôch 15 by 4 km. Tusken 1100 en 1400 waard dy stripe lân troch Friezen út Eastfryslân bewenne.

Oant de 19e iuw wie it Sealterlân allinnich oer de rivier te berikken. It wie de ienichste ferbining mei it lân deromhinne. Dêrtroch hie it Sealterlân in ôfsûndere posysje wat wierskynlik it oerlibjen fan it Sealterfrysk as lêste dialekt fan it Eastfrysk ferklearret.

De sompen wienen it grinspunt fan de machtsgebieten fan Kloppenboarch, Emden en Aldenboarch. Dêrtroch waard it Sealterlân in stikje nimmenslân tusken de machtigere buorlju. Yn de midsiuwen hie it Sealterlân syn eigen rjocht. Karel de Grutte, dy't algemien rjocht foar de Friezen fêststeld hie, hat dêr mooglik ek in part yn spile. It Sealterân hie mear privileezjes krigen, en wie in gebiet mei grutte ûnôfhinklikens.

Yn 1803 waard it gebiet troch it hertochdom Aldenboarch anneksearre. Yn 1934 waard de earste gemeente Sealterlân oprjochte. Njonken de doarpen Roomelse, Skäddel en Seedelsbierich hat ek it doarp Nijskäddel by it Sealterlân heard. Hjoed de dei heart Nijskäddel by de gemeente Friesoythe. Op 1 maart 1974 waard de hjoeddeiske gemeente Sealterlân oprjochte.

Galery bewurkje seksje

Befolking bewurkje seksje

 
It Seelterfräiske Kulturhuus fan de Sealtersk Bûn, ek studio fan de Sealter útstjoering

De Friezen binne mei de Denen, Sorben, Sinty & Roma ien fan de fjouwer nasjonale minderheden fan Dútslân.

Taal bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Sealterfrysk.

It Sealterfrysk, ek wol Sealtersk neamd, is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan de Westgermaanske talen. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan de Iems oant de Weser sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk makket it diel út fan de Fryske taalgroep. It Sealtersk Bûn (Sealtersk: Seelter Bund; Dútsk: Heimatverein Saterland) is in organisaasje dy’t him ynset foar it brûken fan de Sealterfryske taal en kultuer.

Befolkingsûntjouwing bewurkje seksje

Polityk bewurkje seksje

   
Wapen en flagge fan it Sealterlân

It gemeentehûs fan 't Sealterlân sit yn Roomelse.

Gemeenterie bewurkje seksje

Yn 'e gemeenterie fan it Sealterlân binne de neikommende politike partijen fertsjintwurdige (nei ferkiezings april 2011):

  • CDU - 19 sitten
  • SPD - 3 sittten
  • UWG (gemeentebelangen) - 3 sitten
  • Oar - 1 sit
  • Boargemaster - 1 sit

Boargemaster bewurkje seksje

  • Boargemaster: Hubert Frye (CDU)
  • Earste loko-boargemaster: Marianne Fugel
  • Twadde loko-boargemaster: Leonhard Rosenbaum
  • Earste gemeenteriedslid: Wilhelm Hellmann

Wapen & flagge bewurkje seksje

Op it wapen is Karel de Grutte te sjen. Oan him skriuwe de Friezen harren frijheidsprivileezjes ta.

De flagge fan de gemeente is ljochtblau/giel/ljochtblau mei it wapen yn 'e midden fan it giele flak.

Partnerskippen bewurkje seksje

De gemeente hat in partnerskip mei it plak Sroda Slaska yn Poalen.

Sjoch ek bewurkje seksje

  Tema:Sealterlân – Wikipedy hat ek in temaside oer it Sealterlân

Keppeling om utens bewurkje seksje