Sean Lawless, echte namme ûnbekend (yn 'e Feriene Steaten, 30 novimber[1] 1991?), is in Amerikaansk pornografysk akteur. Hy sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Hy stiet bekend om syn spierde uterlik en syn penis mei in ûnbidige nút. Ein 2014, begjin 2015 krige Lawless in beskate bekendheid troch syn rol yn 'e kontroversjele film Mia Khalifa Is Cumming for Dinner.

Sean Lawless
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 novimber[1] 1991 (?)
berteplak ûnbekend (Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
Sean Lawless op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Lawless waard mooglik yn 1991 earne yn 'e Feriene Steaten berne. Op 'e middelbere skoalle wied er lid fan sawol it Amerikaansk fuotbaltiim as it basketbaltiim. Yn 2012, doe't er 21 jier west hawwe soe as syn bertejier kloppe, sette er útein mei in wurkpaad as pornoakteur. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Lawless begjin 2017 yn mear as twahûndert pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Digital Playground en Pure Play Media. Folle mear wied er lykwols yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under syn karriêre hat Lawles gearwurke mei aktrises as Ava Addams, August Ames, Veronica Avluv, Bethany Benz, Nikki Benz, Maya Bijou, Vienna Black, Mercedes Carrera, Zaya Cassidy, Kacie Castle, Brooklyn Chase, Adriana Chechik, Courtney Cummz, Miko Dai, Candice Dare, Shay Evans, Ana Foxxx, Diamond Foxxx, Aaliyah Hadid, Diamond Jackson, Jade Jantzen, Victoria June, Eva Karera, Mia Khalifa, Remy LaCroix, Lisa Ann, Kendra Lust, Moriah Mills, Kelsi Monroe, Valentina Nappi, Natasha Nice, Skyla Novea, Priya Price, Romi Rain, Riley Reid, Veronica Rodriguez, Ada Sanchez, Dakota Skye, Lela Star, Rachel Starr, Jada Stevens, Jamie Valentine, Julianna Vega, Brittney White en Harmony Wonder.

Ein 2014, begjin 2015 krige er in beskate bekendheid troch syn rol yn 'e film Mia Khalifa Is Cumming for Dinner, fan 'e studio BangBros. Dêryn hied er in trioke mei de aktrises Julianna Vega en Mia Khalifa. It feit dat dy beiden dêrby hidjaabs droegen, in stik klean dat ornaris assosjearre wurdt mei islamityske froulju, soarge yn it Midden-Easten foar in protte krityk, temear om't Khalifa berne is yn Libanon. Yn Khalifa har gefal rûn it sels út op deadsbedrigings. Dat nettsjinsteande it feit dat sy it grutste part fan har libben yn 'e Feriene Steaten trochbrocht hie en fan hûs út net islamitysk mar eastersk-katolyk is. Vega en Lawless ûntsprongen de dûns fierhinne. Troch alle trelit waard Mia Khalifa Is Cumming for Dinner ien fan 'e populêrste pornofilms dy't BangBros ea makke hie.

Sean Lawless wennet yn súdlik Kalifornje. Yn in fraachpetear hat er oanjûn dat syn hobbys binne: fotografy, it produsearjen fan muzyk yn syn eigen opnamestudio oan see, sinnebaaien op it strân, it opdwaan fan nije feardichheden en it bedriuwen fan de leafde mei tsjeppe froulju.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Biografyske gegevens fan Sean Lawless op 'e webside fan Digital Playground.