De Secret Service, folút: United States Secret Service (USSS), wat "Geheime Tsjinst fan de Feriene Steaten" betsjut, is in Amerikaanske federale plysjetsjinst dy't ressortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Thúslânbefeiliging, en dy't twa ferantwurdlikheden hat: it bestriden fan finansjele misdriuwen en de befeiliging fan heech pleatste persoanen yn it Amerikaanske regear. De Secret Service is fêstige yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., en hie yn 2013 mear as 6.700 wurknimmers, wêrfan't 4.400 beëdige plysjeminsken wiene. De beëdige leden binne ferdield oer de spesjaal aginten, dy't boargerklean drage, en de Uniformearre Difyzje. Oant 1 maart 2003 foel de Secret Service ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Finânsjes.

Secret Service
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút United States Secret Service
("Geheime Tsjinst fan de Feriene Steaten")
ôfkoarting USSS
lân Feriene Steaten
haadkertier Washington (D.C.)
oprjochte 1865
doel bestriding fan finansjele misdriuwen;
persoansbeskerming
sifers
wurknimmers >6.700 (2013)
beëdige leden 4.400
jierliks budget $1,92 miljard (2013)
oar
webside www.secretservice.gov

Underskate taken bewurkje seksje

Bestriding fan finansjele misdriuwen bewurkje seksje

De Secret Service waard yn 1865 oprjochte troch presidint Abraham Lincoln (iroanyskernôch op 'e dei dat er fermoarde waard, 14 april), om 'e falskemunterij oan te pakken dy't doe, oan 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, skearing en ynslach wie. Sadwaande waard de tsjinst ûnderbrocht by it Ministearje fan Finânsjes. Bestriding fan falskemunterij, ferfalsking fan Amerikaanske weardepapieren en ûndersyk nei grutskalige fraude hearre noch altiten ta de kearntaken fan 'e Secret Service. Dêr binne troch de jierren hinne nochal wat saken by kommen, lykas de bestriding fan ferfalsking fan identiteitsbewizen en kompjûterfraude. De Secret Service ûntjoech him ek ta de earste Amerikaanske binnenlânske feilichheids- en kontraspionaazjetsjinst, mar de taken op dat mêd en oare bykommende terreinen binne meitiid oernommen troch de FBI, CIA, NSA, ATF, de Amerikaanske Ymmigraasjetsjinst (ICE) en de Amerikaanske Belestingtsjinst (IRS), dy't allegear fan letter datum datearje as de Secret Service.

Persoansbefeiliging bewurkje seksje

Doe't nei de moard op 'e Amerikaanske presidint William McKinley, yn 1901, foar in elk dúdlik waard dat sokke pommeranten net mear sûnder liifwachten koene, joech it Amerikaanske Kongres oan 'e Secret Service, dat doedestiden noch de iennichste federale plysje-organisaasje wie, de opdracht en it foech om 'e presidint en syn famylje en beskate oare oerheidsfunksjonarissen te beskermjen en te befeiligjen. Sa ûntstie de wat tipelsinnige twafâlde ferantwurdlikheid fan 'e Secret Service op mêden dy't fierders neat mei-inoar te krijen hawwe. Hjoed de dei bewurkmasteret de tsjinst de persoanlike befeiliging fan:

  • de presidint, de fise-presidint, de presidint-elekt (de keazen mar noch net ynswarde presidint) en de fise-presidint-elekt;
  • de gesinnen fan 'e boppeneamden;
  • alle eardere presidinten oant harren ferstjerren (fan 1997 oant 2013 waard dat beheind ta in perioade fan 10 jier nei't se presidint-ôf wurden wiene, mar yn jannewaris 2013 tekene Barack Obama in wet dy't harren wer beskerming foar it libben joech);
  • de oarehelten fan eardere presidinten útsein as dy fan 'e eardere presidint skiede;
  • de widdowen/widners fan eardere presidinten dy't as presidint of binnen in jier nei beëiniging fan harren presidintskip stoarn binne, foar de perioade fan ien jier, útsein as de widdo/widner wertrout (de minister fan Thúslânbefeiliging kin dizze perioade útwreidzje, sa't bgl. dien waard foar Jackie Kennedy, dy't lykwols de beskerming fan 'e Secret Service ferlear doe't se yn 1968 wertroude mei Aristoteles Onassis);
  • de bern fan eardere presidinten oant se 16 jier binne of oant harren heit/mem 10 jier presidint-ôf is;
  • eardere fise-presidinten, harren oarehelten en harren minderjierrige bern oant in healjier nei't de fise-presidint syn amt delleit (de minister fan Thúslânbefeiliging kin dizze perioade útwreidzje);
  • besykjende bûtenlânske steatshaden en regearingslieders en harren oarehelten as dy mei harren reizgje;
  • oare foarname bûtenlânske gasten yn 'e Feriene Steaten;
  • yn spesifike gefallen bûtenlânske ambassades (yn gearwurking mei it Bureau of Diplomatic Security (DS), it Office of Foreign Missions (OFM) en oare organisaasjes)
  • offisjele fertsjintwurdigers fan 'e Feriene Steaten dy't yn it bûtenlân spesjale missys foar de presidint ferrjochtsje;
  • wichtige presidinsjele en fise-presidinsjele kandidaten (dizze útwreiding waard ynsteld nei de moard op presidintskandidaat Robert Kennedy, yn 1968);
  • de oarehelten fan wichtige presidinsjele en fise-presidinsjele kandidaten binnen in perioade fan 120 dagen foar of nei de Amerikaanske presidintsferkiezings;
  • oare persoanen dy't dêrta spesifyk oanwiisd binne troch de presidint;
  • "spesjale nasjonale befeiligingsfoarfallen" dy't as sadanich oantsjut wurde troch de minister fan Thúslânbefeiliging.
 
Spesjaal aginten fan 'e Secret Service biede befeiliging oan paus Benediktus XVI by syn besyk oan Washington, D.C..

It is mooglik foar elkmis fan 'e boppeneamde persoanen om offisjeel ôfstân te dwaan fan befeiliging troch de Secret Service, útsein de presidint, de fise-presidint, de presidint-elekt, de fise-presidint-elekt en yn it gefal dat der gjin fise-presidint is (wat barre kin as de fise-presidint kommen is te ferstjerren, of as de presidint kommen is te ferstjerren en de fise-presidint him opfolge is) de earstfolgjende pleatsferfanger fan 'e presidint. Soms is it troch oerlaping fan foech nedich om nau mei oare feilichheidstsjinsten gear te wurkjen. Om in foarbyld te jaan: doe't de eardere presidintsfrou Hillary Clinton yn 2009 minister fan Bûtenlânske Saken waard, waard se thús befeilige troch de Secret Service, mar op har wurk en ûnder har reizen troch de Diplomatic Security Service (DSS).

De Secret Service ûndersiket jiers tûzenen gefallen wêrby't persoanen drigeminten uterje oan it adres fan 'e Amerikaanske presidint. Krekt as de eigentlike persoansbefeiliging wurdt sok ûndersyk útfierd troch de yn boarger klaaide spesjaal aginten. Sûnt de Secret Service mei de befeiliging fan 'e Amerikaanske presidint belêstge is, is der mar ien presidint mear omkommen, en dat wie John F. Kennedy, yn 1963. (De oare trije fermoarde Amerikaanske presidinten, Abraham Lincoln (1865), James Garfield (1881) en William McKinley (1901), waarden ombrocht foar't persoansbefeiliging ta de taken fan 'e Secret Service hearde.) Fierders hawwe Secret Service-aginten moardoanslaggen witten te ferideljen op 'e presidinten Harry Truman (1950), Gerald Ford (1975) en Ronald Reagan (1981). Der wurdt fan 'e leden fan 'e Secret Service ferwachte dat se de presidint sa nedich mei harren eigen lichem beskermje sille, sa't agint Tim McCarthy yn 1981 die troch yn 'e baan fan 'e kûgel te stappen dy't foar Reagan bedoeld wie. Hoewol't McCarthy slim ferwûne rekke, bettere er wer hielendal op. It iennichste lid fan 'e Secret Service dat ea by in oanfal op in presidint omkommen is, wie soldaat Leslie Coffelt, fan 'e Uniformearre Difyzje, dy't yn 1950 by de oanslach op Truman yn syn boarst en ûnderlichem rekke waard, mar foar't er stoar noch ien fan 'e beide dieders deaskeat.

 
In patrûlje-auto fan 'e Uniformearre Difyzje fan 'e Secret Service.

De Uniformearre Difyzje (UD), dy't út 1.300 manskippen bestiet, is belêstge mei de befeiliging fan it Wite Hûs as gehiel, en teffens dy fan oare residinsjes fan 'e Amerikaanske presidint (lykas it bûten Camp David), en fierders de residinsje fan 'e fise-presidint, it Ministearje fan Finânsjes (as ûnderdiel fan it Wite Hûs) en bûtenlânske ambassades yn Washington, D.C. De UD waard yn 1922 oprjochte as de Wite-Hûsplysje (White House Police Force), mar waard yn 1930 folslein yntegrearre yn 'e Secret Service. Harren wurk behellet it bemanjen fan in stelsel fan fêste befeiligingsposten, wachtrinnen en it útfieren fan patrûljes op 'e fyts, de motorfyts en yn 'e auto.

Skandaal bewurkje seksje

Yn april 2012 kaam in skandaal oan it ljocht dêr't aginten fan 'e Secret Service by belutsen wiene. Under it besyk fan presidint Obama oan in top fan Noard- en Súdamerikaanske lieders yn Cartagena, yn Kolombia, fierden alve Secret Service-aginten en personeel fan alle fjouwer tûken fan 'e Amerikaanske Striidkrêften yn in hotel feest, wat mank gie mei de ynname fan grutte hoemannichten alkohol en it ynhieren fan pleatslike prostituees. Presidint Obama waard dêrtroch yn ferlegenheid brocht en de Secret Service stie foar skut. Neitiid waarden njoggen aginten twongen om ûntslach te nimmen of mei pinsjoen stjoerd. Nije regels waarden opsteld dy't it Secret Service-minsken ferbiede om "gelegenheden dy't op in minne namme lizze" ("non-reputable establishments") te besykjen. Teffens waard it harren tenei ferbean om binnen tsien oeren foar't har tsjinst begjint noch alkohol te drinken, en waard de tagong ta harren hotelkeamers beheind.

Yn film en literatuer bewurkje seksje

De Secret Service hat troch jierren hinne gauris it ûnderwerp fan film en literatuer west. It bekendst binne yn dat ferbân de films In the Line of Fire ("Yn 'e Baan fan 'e Kûgel") en Guarding Tess. In the Line of Fire is in thriller út 1993 mei akteur Clint Eastwood yn 'e haadrol as in âldere Secret Service-agint dy't noch altiten in trauma hat fan 'e moard op Kennedy (dêr't er as nijynkommeling by oanwêzich wie), en dy't no de iennichste is dy't de tsjintwurdige presidint rêde kin fan in psychopatyske moardner, spile troch John Malkovich. Yn Guarding Tess (1994) spilet akteur Nicolas Cage in agint dy't de widdo fan in eardere presidint (Shirley MacLaine) bewekje moat. Sy fynt de befeiliging lestich, en besiket dy allegeduerigen te omsilen, oant se op in kear ferdwynt om't se echt ûntfierd is en net ien it leauwe wol.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.