De Seloaten wienen in (net al te heldere) groepearring ûnder de Joaden om it begjin fan de jiertelling hinne.

Simon de Seloat neffens Antoon van Dyck

Untstean bewurkje seksje

Yn âldere literatuer waard wol gauris skreaun dat de groepearring fan de Seloaten stiften wie troch Judas de Galilejer, dy't yn 4 f.Kr. nei de dea fan Heroades de Grutte in opstân liede. Dizze gedachte is lykwols ynjûn troch wat de Joadske skriuwer Josephus oer de Seloaten sei, dêr't tsjintwurdich fan tocht wurdt dat er de feiten foar syn (Gryksk-Romeinske) lêzerspublyk wat ferienfâldige werjûn hat, om net tefolle omtinken te jaan oan de anty-Romeinske gefoelens dy't ûnder de Joaden hearske yn de 1e iuw.

Tsjintwurdich wurdt de groepearring of partij fan de Seloaten beheind oant de tiid fan Joadske Opstân (66-70 n.Kr.) om't allinnich oant dat tiidrek oanwizings fûn binne dy't der op wize dat doe sprake wie fan in sintrale organisaasje. Utsein de 'partij' fan de Seloaten wienen der yn de earste iuw noch oare lytse guerilja-eftige groepearrinkjes dy't yn de literatuer gearfetten wurde as 'Seloatyske bewegingen', mar wat de organisaasje oangiet neat my inoar te krijen hienen. Sy hienen foar it meastepart wol deselde oertsjûgingen mien en it is mooglik dat der guons wienen dy't harren sels ek mei de namme 'Seloaten' oantsjutten.

Oertsjûging bewurkje seksje

De namme 'seloat' betsjut 'strider' (fan it Grykske ζηλωτής zèlootès). Seloaten seagen harren sels as 'striders' foar de hillichheid fan de namme fan God, wat foar harren ynhâlde dat sy gjin oare hear boppe harren erkenne woenen as allinnich God. It gefolch fan dizze tinkwize wie dat sy wegeren it keizerlik gesach (en de Romeinske oerhearsking oer it generaal) te erkennen en it as godslasterlik ûnderfûnen. Sy wegeren dan ek belêsting te beteljen.

De meast ekstreme Seloatyske beweging wie dy fan de Sikarjers, dy't mei in dolk (Lat. sica) oanslaggen pligen op de Joadske hegerein dy't goede relaasjes ûnderholden mei de Romeinen.

Sjoch ek bewurkje seksje