Sheena Shaw, echte namme Samantha Ann McElwain (Minneapolis, 30 septimber 1985), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk-Amerikaansk en Skotsk etnysk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.52 m, mei in gewicht fan 43 kg en kupmaat 30B.

Sheena Shaw
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Samantha Ann McElwain
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 septimber 1985
berteplak Minneapolis (Minnesota)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Skotsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
sheenashaw.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Sheena Shaw waard yn 1985 berne yn Minneapolis, yn 'e steat Minnesota. Op har sântjinde jierdei, yn 2002, naam se tsjinst yn it Amerikaanske Leger, dêr't se oplaat waard ta Morse-koadespesjaliste. Nei't se tsien moanne letter ôfswaaid wie, sette se útein mei in karriêre as stripper, wêrby't se yn ferskate stripklubs wurke. Dêrnjonken posearre se ek wol foar neakenblêden; sa stie se yn novimber 2012 yn 'e Penthouse.

Yn 2011, doe't se 25 jier wie, makke Shaw har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in stik as njoggentich pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Jules Jordan Video, Pure Play Media, Devil's Film, Digital Sin, Elegant Angel, Zero Tolerance, New Sensations en Adam & Eve. Ek hat Shaw in protte foar pornosites as BangBros en Kink.com wurke. Yn 2014 waard se nominearre foar fiif ûnderskate AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld).

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2014 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Massive Facials 6
nominearre bêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara) Evil Anal 17
nominearre bêste triosekssêne f/f/m (mei Veronica Avluv en Manuel Ferrara) Rump Raiders 4
nominearre meast seksy kont (publykspriis) n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: