De Sibetsboarch wie yn de lette midsiuwen in boarch yn Rjustringen, East-Fryslân, dy't brûkt waard troch seerôvers. Hjoed de dei is de Siebethsburg (hjoeddeistige Dútske skriuwwize) in stedsdiel fan Wilhelmshaven.

It plak fan de Sibetsboarch
Rekonstruksje fan de Sibetsburch.

De boarch waard as haadlingeboarch mei de namme Edenburg boud troch Edo Wiemken yn 1383. Syn bernsbern Sibet Lubbenson feroare de namme fan de boarch yn Sibetsburch. De Fiktaaljebruorren brûkten de boarch in skoftlang as skûlplak. Yn dy tiid lei de boarch oan in see-earm, en wie mei muorren en wetter beskerme tsjin fijannen. Yn it jier 1430 waard de boarch belegere troch de Woertfriezen. Yn 1435 waard de boarch ôfbrutsen troch de Hânze omdat it seerôversnêst in bedriging wie foar de skipfeart. De see-earm slike stadichoan ticht, sadat de boarch hjoed de dei kilometers fan see ôf leit.