Klaas Sikko (Sicko) Heldoorn (Snits, 6 septimber 1956) is in Nederlânsk PvdA-politikus.

Sicko Heldoorn
Algemien
Folsleine namme Klaas Sikko Heldoorn
Berne 6 septimber 1956
Berteplak Snits
Partij PvdA
Titels drs.
Politike funksjes
1987-2002 lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
1989-1992 fraksjefoarsitter PvdA-Fryslân
1992-2002 lid Deputearre Steaten fan Fryslân
2002-2007 boargemaster fan Opsterlân
2007-2013 boargemaster fan Assen
2014-2017 waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel
2018-2019 waarnimmend boargemaster fan Huizen
2020-2021 waarnimmend boargemaster fan Wetterlân
2021-no waarnimmend boargemaster fan Heemskerk

Wurkpaad bewurkje seksje

Heldoorn studearre sosjology oan de Ljouwerter subfakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy waard yn de jierren '70 bestjoerslid fan de ôfdieling Huzum fan de PvdA. Letter krige er in sit yn it gewestlik bestjoer fan de partij. Yn 1987 waard er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân, neist syn baan as konsulint fan de Stichting Samenwerking Dorpshuizen in Friesland. Twa jier letter waard er foarsitter fan de PvdA-fraksje. Yn 1992 waard er keazen ta lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. Yn 1999 waard er lid fan it deistich bestjoer fan it Ynter Provinsjaal Oerlis (IPO) en foarsitter fan de IPO-kommissy wetter, miljeu, natuer en lânbou.

Yn 2002 waard Heldoorn boargemaster fan Opsterlân. Itselde jier waard er troch de Ljouwerter wettersportferienigingen de Meeuwen en LWS beneamd ta 'Wettersporter fan it Jier', fanwege syn ynset foar it baggerbeliedsplan fan de Fryske wetterwegen. Fan 2002 oant 2010 wie er dêrneist foarsitter fan de Kombinaasje fan Beropsfiskers.[1] Maart 2012 waard Heldoorn beneamd ta foarsitter fan de Feriening foar Beropsskipfeart BBZ.

In 2007 ferruile Heldoorn Opsterlân foar it Drintske Assen, dêr't er Dineke van As-Kleijwegt opfolge. Hy bleau dêr oant 2013, doe't er fuortmoast om't de Asser gemeenteried him net foardrage woe foar werbeneaming. Yn 2014 waard Heldoorn ynstallearre as waarnimmend boargemaster yn Dantumadiel. Yn desimber 2017 waard er yn dy gemeente opfolge troch Klaas Agricola. Yn maart 2018 folge syn beneaming ta waarnimmend boargemaster fan de Noard-Hollânske gemeente Huizen.

Sûnt 13 novimber 2019 is Niek Meijer boargemaster fan Huizen. Yn febrewaris 2020 waard Heldoorn beneamd ta waarnimmend boargemaster fan de gemeente Waterland per 2 maart 2020. [ 7 ] Op 11 maart 2021 waard Marian van der Weele boargemaster fan Waterland.[2] Heldoorn waard mei yngong fan 24 juny 2021 beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Heemskerk. [3]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Afscheid Combinatie van Beroepsvissers
  2. K.S. (Sicko) Heldoorn Gemeente Waterland
  3. Sicko Heldoorn waarnemend burgemeester Heemskerk, Nieuwsbericht Provincie Noord-Holland d.d. 27 maie 2021.