Siegfried Lenz (Lyck, East-Prusen, 17 maart 1926 - Hamboarch, 7 oktober 2014) wie in Dútsk skriuwer. Hy skreau romans, ferskate bondels mei koarte ferhalen, essays en stikken foar radio en it teäter. Oant 1951 wie er sjoernalist.

Siegfried Lenz
skriuwer
Siegfried Lenz yn 1969
Siegfried Lenz yn 1969
persoanlike bysûnderheden
echte namme Siegfried Lenz
nasjonaliteit Dútsk
berne 17 maart 1926
berteplak Lyck
stoarn 7 oktober 2014
stjerplak Hamboarch
wurk
taal Dútsk
perioade 19562014

Lenz wie in soan fan in dûanier. Mei 13 jier kaam er by de Hitlerjugend. Yn 1943 waard er soldaat yn de marine. Koart foar de ein fan oarloch wegere er in obstinate oare soldaat dea te sjitten en desertearre yn Denemark. Nei't er fan de Britten kriichsfinzene makke wie yn Sleeswyk-Holstein, gie er as tolk oan 't wurk. Koart skoft letter waard er frijlitten troch de Britten.

Nei de oarloch studearre Lenz Ingelsk, literatuerwittenskip en filosofy yn Hamboarch. Yn 1948 kaam er by de krante Die Welt. Doe't 1951 syn earste roman Es waren Habichte in der Luft ferskynd wie, naam er ûntslach by de krante en besleat er om mei de skriuwerij syn brea te fertsjinjen. Lykas ek skriuwer Günter Grass fielde Siegfried Lenz him bot ferbûn mei de politike partij SPD en stipe er de Ostpolitik fan Willy Brandt.

Siegfried Lenz krige tal fan literêre prizen. Yn 1988 waard er ûnderskieden mei de Fredespriis fan de Dútske Boekhannel (Friedenspreis des Deutschen Buchhandels).

Siegfried Lenz-priis bewurkje seksje

De Siegfried Lenz-priis is in literêre priis dy't om de twa jier yn Hamburch útrikt wirdt troch de Siegfried Lenz-Stichting. De priis wurdt takend oan "ynternasjonale skriuwers dy't erkenning krigen hawwe mei harren ferheljend wurk en waans skeppend wurk ticht by de geast fan Siegfried Lenz stiet". In sjuery fan fiif, beneamd troch de Stichting, selektearret de winners. Der is in jildbedrach fan 50.000 euro oan de priis ferbûn en dêrmei is de priis ien fan de heechste literatuerprizen yn Dútslân. Siegfried Lenz wie sels de inisjator fan de priis yn 2014, foar syn ferstjerren yn oktober fan dat jier.

Literêr wurk (karút) bewurkje seksje

 

Romans bewurkje seksje

  • Es waren Habichte in der Luft (1951)
  • So zärtlich war Suleyken (1955)
  • Der Mann im Strom (1956)
  • Jäger des Spotts (1958)
  • Das Feuerschiff (1960)
  • Zeit der Schuldlosen (1962)
  • Das Gesicht (1964)
  • Der Spielverderber (1965)
  • Deutschstunde (1968) (Ned. fert. Duitse les. Amsterdam, 2011)
  • Die Augenbinde (1970)
  • Das Vorbild (1973)
  • Einstein überquert die Elbe bei Hamburg (1975)
  • Elfenbeinturm und Barrikade (1976)
  • Heimatmuseum (1978)
  • Der Verlust (1981)
  • Exerzierplatz (1985)
  • Das serbische Mädchen (1987)
  • Fundbüro (2003)
  • Schweigeminute (2008)

Keppelings om utens bewurkje seksje