Sigerswâld (Opsterlân)

Sigerswâld is in lintdoarp yn 'e gemeente Opsterlân. It doarp wurdt troch in wei en in feart yn twaën dield. Oan de grins mei Oerterp leit oan De Mersken de Mersker Heide. By Sigerswâld hearre ek nog twa lânlike dielen, de Boerestreek (rjochting Oerterp) en de Mjûmer (noardeastlik fan de Bakkefeanster heide).

Sigerswâld
Elim
Elim
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 840 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 14,62 km², wêrfan:
- lân: 14,55 km²
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 58 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 05' NB, 6° 07.1' EL
Offisjele webside
FB-side Sigerswâld
Kaart
Sigerswâld (Fryslân)
Sigerswâld
Lokaasje fan Sigerswâld yn Fryslân
Kaart
Elim
Himrik (grien) fan Sigerswâld yn Opsterlân

Sigerswâld hat 840 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

De namme komt faaks fan de eigennamme Siger en bosk, dat grif in broekbosk west hat. Troch de muontsen út it kleaster fan Smelle Ie waard hjir yn de midsiuwen turf stutsen. Dy wurken en wennen yn in úthôf op it Foarwurk. Yn ien fan de âldste akten dy't bekend binne, akkordearren se mei de boeren oer it kearen fan it wetter fan it Alddjip en de langte fan de ûngetiid. Om 1250 hinne waard der yn Sigerswâld in tsjerke boud.

 
De yn 1909 ôfbrutsen Jakobustsjerke

Neffens guon boarnen wie de Drachtster Kompanjonsfeart om 1664 hinne oer Sigerswâld trochlutsen nei Bakkefean. Yn 1744 wie de feanterij by Sigerwâld dien. Tusken 1950 en 1960 is de feart dêr wer ticht smiten, yn deselde tiid dat De Mersken en in stik fan it Skar omset binne ta greide en boerelân.

De oarspronklik oan de apostel Jakobus wijde midsiuwske tsjerke fan Sigerswâld waard yn 1909 ôfbrutsen, doe't oan de Binnenwei in nije herfoarme tsjerke boud waard. Op it tsjerkhôf is noch dúdlik te sjen wêr de âlde tsjerke stie.

Sigerswâld wie eartiids út trije ferskillende mienskippen opboud: Fryske Peallen, It Foarwurk en de Fryske Wylp. Yn 1953 waard Fryske Peallen mei stikken fan Oerterp in selsstannich doarp.

Mienskip bewurkje seksje

De Uthôf is it doarpshûs fan it doarp, dêr't it yn 1879 stifte Doarpsbelangen gearkomt. Sigerswâld hat har eigen kabelnetwurk, dat yn 1998 oanlein is.

Tsjerken bewurkje seksje

Sigerswâld hat twa tsjerken.

  De Wikipedy hat ek in side Elim (Sigerswâld).
  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Sigerswâld).
  De Wikipedy hat ek in side Eastertsjerke (De Wylp).
  De Wikipedy hat ek in side Fuortset Grifformearde tsjerke (Fryske Peallen).

Skoallen bewurkje seksje

 
Eardere kristlike basisskoalle

Sigerswâld hie oant 2012 noch twa basisskoalle en hjoed-de-dei gjin ien mear. It Bijehûs is it pjutteboartersplak.

Kristlike basisskoalle De Foarikker bewurkje seksje

Yn 1922 waard de skoalle oprjochte as School met den Bijbel troch de evangelist Everhardus van Aken, dy't in soad foar de earme heidsjers dien hat. De skoalle waard yn 1984 ferboud en hat yn dy snuorje de namme KBS De Foarikker krige.[3] Maaie 2014 waard bekend dat de skoalle op 31 july 2014 ticht gie fanwegen te min learlingen. De skoalle fusearre mei CBS 'Betrouwen' yn Bakkefean.[4]

Iepenbiere basisskoalle 't Foarwurk bewurkje seksje

Fan 1922 oant 2012 koe der yn Sigerswâld iepenbier ûnderwiis folge wurde oan 't Foarwurk. Te min learlingen wie de reden dat de skoalle yn augustus 2012 slute moast en fusearre mei de iepenbiere basisskoalle 'De Skâns' yn Fryske Peallen. Gearwurkjen tusken 't Foarwurk en De Foarikker as brede skoalle krige te min stipe fan de âlders fan de bern fan de twa skoallen.[5] it skoalgebou oan It Foarwurk datearre út 1922.

Ferienings bewurkje seksje

Der binne fiif buertferienings: 'Foarút', 'Om de Waskmer', 'Klauwertsbrêge', 'Mei inoar Ien', 'Rûnom de skoalle'.

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1755 1840 1946* 1954 1959 1964 1969 1973 2005
Ynwenners 122 210 1511* 1074 983 925 880 856 875
Jier 2015 2020
Ynwenners 830 830

(*) mei Fryske Peallen

Eveneminten bewurkje seksje

Vroeg op Stap bewurkje seksje

In aksje mei de namme Vroeg op stap fan de froulju Gorter en Loonen út Sigerswâld smiet yn 2008 56.000 hantekens op. De froulju woene mei de aksje foarinoar krije dat de jongerein sneonstejûnen earder te stappen giene. De hantekens waarden 2008 oanbean oan de Twadde Keamer.

 
Pleats 'It Foarwurk', Sigerswâld

Strjitten bewurkje seksje

Beakendyk, Binnenwei, Boskwei, Bremerwei, De Mersken, Dwarswyk, Foarwurk, Grinzerleane, Klauwertswei, Langpaed, Middenwei, Skieppedrift, Skoallelân, Taeijewyk, Uthôf, Van Akenwei, Van Houtenwei, Waskmerwei.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. De School, De Foarikker.nl, rieplachte op 30 april 2014.
  4. CBS de Foarikker Siegerswoude sluit haar deuren, De Woudklank.nl, sjoen op 20 maaie 2014.
  5. Ouders keren brede school in Siegerswoude, Foarwuk sluit, 01-02-2012, De Woudklank, rieplachte op 30 april 2014.

 
Plakken yn de gemeente Opsterlân
 
Haadplak: Beetstersweach
Doarpen en útbuorrens: BakkefeanFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen: Ald BeetsAllardseach (foar in part) • It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part) • Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden