Sigtuna is in ier Midsiuwsk hannelsplak oan de Mälarmar yn Sweden. Twa runestiennen wienen dêr opsteld troch 'Friezen' ( 1060 - 1075 ) as neitins oan harren ferstoarne kammeraten.

ruïne fan in Midsiuwske tsjerke

Sa't bliken docht út de nammen wie it in hannelsgilde fan Friezen en op Fryslân hanneljende Sweden. De hannel mei Birka hie him nei Sigtuna ferpleatst.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Sigtuna.
  • Sveriges runinskrifter VII (Uppsala 1945), 138-149, 161-165