It Simmearysk, ek bekend as it Kimmearysk, wie de taal fan 'e Simmearjers of Kimmearjers, in folk dat yn 'e Aldheid, yn elts gefal fan 'e njoggende iuw f.Kr. ôf, op 'e Pontysk-Kaspyske Steppe yn súdlik Ruslân en de Oekraïne libbe. Dêrwei waarden se yn 'e achtste iuw f.Kr. ferdreaun troch de ekspânsje fan 'e Skyten. Party soene doe nei East-Jeropa flechte wêze, hoewol't dêr gjin oertsjûgjend argeologysk bewiis foar fûn is. Oaren stieken de Kaukasus oer en ferskynden yn 'e lêste desennia fan 'e achtste iuw f.Kr. yn Transkaukaazje en Anatoalje, dêr't se ynfallen diene yn Oerartû, Assyrje, Frygje en Lydje. Om 650 f.Kr. hinne behearsken se grutte dielen fan Lyts-Aazje en ferkearden se op it hichtepunt fan harren macht. Nei't se tusken 637 f.Kr. en 626 f.Kr. foargoed ferslein wiene troch Aljattes fan Lydje, wurde se net mear neamd yn histoaryske boarnen.

Simmearysk
algemien
oare namme(n) Kimmearysk
eigen namme ûnbekend
lânseigen yn Ruslân
Oekraïne
Armeenje
Georgje
Turkije
tal sprekkers 0 ( nei de 7e iuw f.Kr.)
skrift net skreaun
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● ûnklassifisearre
      ● Simmearysk
dialekten ûnbekend
taalkoades
ISO 639-1
ISO 639-2
ISO 639-3 – (mis)

Oer de Simmearyske taal is net folle bekend, hoewol't dúdlik is dat it in Yndo-Jeropeeske taal west hawwe moat. By hokker Yndo-Jeropeeske taalgroep it Simmearysk yndield wurde moat, kin net fêststeld wurde omreden fan in tekoart oan gegevens. Hoewol't troch harren ierst bekende geografyske posysje in yndieling by de Iraanske talen (dêr't ek it Skytysk ta hearde) foar de hân liket te lizzen, wurdt op basis fan Aldgrykske histoaryske boarnen soms útgien fan in yndieling by de Trasyske of de Keltyske talen.

Der binne yn Aldgrykske teksten en Akkadysk-Assyryske ynskripsjes op klaaitabletten mar inkele Simmearyske eigennammen oerlevere.

  • Teûsjpa, de namme fan in Simmearyske kening dy't fermelden wurdt yn 'e annalen fan 'e Assyryske kening Esarhaddon. De namme is wol ferlike mei dy fan 'e Hoerrityske oarlochsgod Tesjûb. Oare saakkundigen, lykas de Hongaarske taalkundige János Harmatta, ynterpretearje it as Proto-Iraansk, fan *tavis-paya ("úttynjend fan krêft").
  • Tûkdammê of Dugdammê, de namme fan in oare Simmearyske kening, komt foar yn in gebed fan 'e Assyryske kening Asjoerbanipal oan 'e god Mardûk, wêrfan't in fragmint oerlevere is en no bewûndere wurde kin yn it Britsk Museum yn Londen. De Grykske skiedskriuwer Strabo neamde de namme ek, mar hellenisearre him ta Lygdamis. Neffens Harmatta soe Tûkdammê werom gean op it Proto-Iraanske *duɣda-maya ("jouwer fan lokkigens"). Edwin M. Yamauchi ynterpretearret it ek as fan Iraanske oarsprong en ferwiist dêrby nei de oerienkomsten mei it Ossetyske tux-domæg ("regearjend mei krêft").
  • Sandachsjatra of Sandaksatrû, wie ek in Simmearyske kening en de soan fan Tûkdammê. It is dúdlik in Perzyske nammefoarm, en Manfred Mayrhofer hat der yn 1981 op wiisd dat de oarspronklike foarm nei alle gedachten Sandakoerû wie. De oarspronklike útlis fan 'e namme wie "mei ûnfertinne regintskip", mar Mayrhofer wiisde dat ôf om't foar dy etymology in bykommend berop dien wurde moast op 'e Yndo-Aryske talen ynstee dat it mei inkeld Iraanske boarnen ferklearre wurde koe. Harmatta hold it derop dat de namme ôflaat wie fan it Proto-Iraanske *sanda-kuru, dat "treflike soan" betsjut hawwe soe.

Guon ûndersikers hawwe fierders besocht om ferskate toponimen mei in Simmearyske oarsprong yn ferbân te bringen. It meast opmerklik is yn dat ferbân de suggestje dat de namme Cimmerium yn 'e Turkske talen ferbastere waard ta Qırım, dêr't neitiid wer de namme fan it skiereilân de Krim út fuortkommen wêze soe.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.