Sint-Hippolytustsjerke (Olterterp)

De Sint-Hippolytustsjerke is in tsjerke dy't leit yn in boskrike omjouwing fan it Fryske doarp Olterterp, krekt eastlik fan Beetstersweach. De tsjerke is wijd oan Sint Hippolytus. De tsjerke is om 1500 hinne[1] boud, mar nei alle gedachten letter noch wer fergrutte. De toer datearret út 1744 ek koe realisearre wurde mei troch in jefte fan Ayzo fan Boelens en syn earste frou Rinske Lycklama à Nijeholt. In tinkstien boppe de yngong is dêr it bewiis fan. De famylje Boelens bewenne it Hûs Olterterp, dat yn de buert lei en besiet in grut part fan de grûnen om Olterterp hinne.

De Sint-Hippolytustsjerke fan Olterterp
De tsjerke by de restauraasje yn 1913

It ynterieur fan de tsjerke, lykas de preekstoel en de doophek, datearret út de 18e iuw. De tsjerke is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en wurdt ûnder mear brûkt foar it hâlden fan eksposysjes en brulloften. Sneins wurdt de tsjerke brûkt troch in groep ôfskieden leden fan de Grifformearde Tsjerken frijmakke. [2]

De tsjerke is erkend as in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Karstkarel neamt dy perioade om 1500 hinne as de tiid, dêr't de tsjerke yn boud is; de eigner, de stifting Alde Fryske Tsjerken, datearret de bou earder en wol yn 1415 [1]
  2. Stifting Alde Fryske Tsjerken: Olterterp