Sint-Joariskatedraal (Lviv)

De Sint-Joariskatedraal (Oekraynsk: Собор святого Юра) yn 'e Oekraynske stêd Lviv is de aartskatedraal fan 'e Oekraynske Gryksk-katolike Tsjerke. De tsjerke waard yn 'e jierren 1744-1762 yn 'e styl fan 'e lette barok en de rokoko op 'e Sint-Joarisheuvel boud, dêr't al sûnt 1280 in tsjerke stiet. De katedraal is al iuwenlang de residinsje fan 'e metropoliten fan 'e Oekraynske Gryksk-katolike Tsjerke.

Sint-Joariskatedraal
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Lviv
plak Lviv
koördinaten 49° 50' N 24° 0' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Oekraynske Gryksk-katolike Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Bernard Meretin
boujier 1744-1762
boustyl lette barok/rokoko
Kaart
Sint-Joariskatedraal (Oekraïne)
Sint-Joariskatedraal

Skiednis bewurkje seksje

De earste houten tsjerke op it plak waard yn 1280 boud, yn 'e tiid fan it foarstedom Galysje-Wolynje yn opdracht fan prins Lev Danilovitsj. By de tsjerke waard in fortifisearre kleaster boud. Nei de ferneatiging fan 'e gebouwen yn 1340 liet de Poalske kening Kasimir III sûnt 1363 op 'e selde lokaasje in stiennen basilyk bouwe. De tsjerke waard yn 1437 foltôge. Sûnt 1539 waard it Sint-Joariskleaster de sit fan 'e biskoppen fan Galysje-Lviv en krige de tsjerke de status fan katedraal.

Yn july 1700 waard yn 'e foargonger fan 'e hjoeddeiske katedraal it ferdrach fan 'e unifikaasje fan it aartsbisdom fan Lviv mei de Tsjerke fan Rome bekend makke, doe't biskop Josef Sjûmljanski him fjouwerkant efter de Uny fan Brest (1596) opstelde. De tsjintwurdige Joariskatedraal datearret fan 'e jierren 1744-1762 en waard neffens in plan fan 'e arsjitekt Bernard Meretin boud. It oanbringen fan 'e dekoraasjes oan 'e tsjerke duorre lykwols noch oant 1780. Nei't de metropolyt fan 'e Oekraynske Gryksk-katolike Tsjerke de sit yn 1816 nei Lviv ferhûze waard de Joariskatedraal de wichtichste tsjerke fan dy denominaasje.

Unteigening en weromjefte bewurkje seksje

 
Heechalter.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard de Oekraynske Gryksk-katolike Tsjerke troch de Sovjet's ferfolge. De krekt ynwijde aartsbiskop fan Lviv Josyf Slipyj waard yn 1945, krekt lykas de rest fan 'e tsjerklike hiërargy, finzen set. Yn maart 1946 wie de katedraal it plak fan in synoade, dêr't de Uny fan Brest neatich ferklearre waard. In jonge Volodymyr Sternjûk (de takomstige aartsbiskop en lieder fan 'e Oekrayske Gryksk-katolike Tsjerke) hold him doe op 'e souder fan de tsjerke beside en wie tsjûge fan it beslút om it aartsbisdom by it metropolinaat fan Galysje fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke te foegjen, tegearre mei de rest fan 'e katolike parochy's fan 'e Oekraïne. De katedraal waard op 'e nij ynwijd en waard doe de otterdokske katedraal fan it bisdom Lvіv-Ternopіl.

De weroplibbing fan de Oekrayske Gryksk-katolike Tsjerke waard mei de Perestrojka mooglik makke en de parochy's dy't 45 jier earder ofstien wiene, waarden no wer opeaske. Op 12 augustus 1990 besetten leden fan de sintrum-rjochtse Folksbeweging fan 'e Oekraïne de katedraal om dy eask krêft by te setten. Twa dagen letter erkende de regionale oerheid fan 'e oblast Lviv de rjochten fan 'e Oekrayske Gryksk-katolike Tsjerke op 'e katedraal. Sûnt de weromjefte is de katedraal wer it sintrum fan de gryksk-katoliken yn 'e Oekraïne.

Arsjitektuer bewurkje seksje

De katedraal is in ûntwerp fan 'e arsjitekt Bernard Meretin en draacht Westerske, mar ek tradisjonele skaaimerken fan 'e Oekraynske tsjerke-arsjitektuer. It grutte byld boppe de tagong fan Sint-Joaris dy't op it hynder de draak deadet, is makke troch de byldhouwer Johann Georg Pinsel. Hy makke ek de bylden fan paus Leo de Grutte en Sint-Athanasius oan wjerskanten fan it balkon boppe de yngong. It meast fereare relyk fan 'e tsjerke is in 17e-iuwsk wûnderdiedich ikoan fan 'e Mem Gods. Yn 'e tsjerke binne de grêftombes fan gryksk-katolike kardinalen, û.a. fan Sylvester Sembratowicz, Andrej Sjeptitsky Josyf Slipy, Volodymyr Sternjûk, Myroslav Ivan Ljûbatsjivsky. It kompleks bestiet njonken de katedraal ek út in klokketoer, in barok paleis foar de metropolyt, in kapittelhûs en in binnentún.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: