Sint-Martinustsjerke (Tsjummearum)

De Sint-Martinustsjerke is de protestânske tsjerke fan Tsjummearum. De tsjerke stiet ûnder nûmer 8668 op de list fan ryksmonuminten ynskreaun.

Sint-Martinustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Tsjummearum
adres Tsjerkepaed 1
koördinaten 53° 14' N 5° 32' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
aartsbisdom 53° 14′ 13″ N, 5° 32′ 38″ E
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
arsjitekt H.R. Stoett
boujier 16e en 19e iuw
boustyl gotyk, neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8668
Webside
Side Protestanske gemeente Tsjummearum-Furdgum
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Fryslân)
Sint-Martinustsjerke

Skiednis bewurkje seksje

Yn de jierren 1870 waard de âlde midsiuwske tsjerke fan Tsjummearum ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de hjoeddeiske tsjerke. Dy âlde tsjerke wie folle lytser en yn de 13e iuw oan de hillige Martinus wijd. It nije tsjerkegebou wie in ûntwerp fan de gemeente-arsjitekt Herman Rudolf Stoett en waard as in krústsjerke mei in dwersskip dat net folle breder is as it skip sels yn neogoatyske styl boud. Eastlik oan de tsjerke waard in legere konsistoarje oanboud. De letgoatyske toer bleau lykwols stean, mar de toer ferlear syn oarspronklike sealtek en krige in nije achtsidige spits. De nije tsjerke waard yn 1877 yn gebrûk nommen.

 
Oargel

Yn it ramt fan de lannelike fúzje fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke, de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en de Evangelysk-Luterske Tsjerke yn 2004 waarden in tal gemeentejûnen yn Tsjummearum oarganisearre, om't it dúdlik wie dat net sawol it herfoarme as it grifformearde tsjerkegebou yn Tsjummearum bestean bliuwe koene. De measte leden keazen fanwegen it byldbepalende karakter foar it behâld fan de herfoarme tsjerke. Mei it yn 2010 yn gebrûk nimmen fan de grifformearde tsjerke út de jierren 1920 troch de kristlike muzykferiening De Klang, krige ek de eardere grifformearde tsjerke wer in passende funksje.[1]

Yn 2005 waard úteinset mei in grutte restauraasje, dy't yn 2007 ôfsletten waard. De tsjerke krige doe ek de âlde namme werom, dy't sûnt de reformaasje yn ûnbrûk rekke wie. De totale kosten fan de restauraasje bedroegen EUR 650.000, dy't tank sij de ynset fan in grut tal frijwilligers beheind bleaunen.[2]

Ynrjochting bewurkje seksje

Mei de restauraasje waard ek ynrjochting fan de tsjerke feroare. Der kaam in nij liturgysk sintrum mei in moderne jûnsmieltafel en dêr om hinne yn in sirkelfoarmige opstelling stuollen. Hjirfoar moasten de âlde banken út de bouperioade fan de tsjerke wike. Ek it tsjintwurdige doopfont is in modern ûntwerp.

Yn de romte waard in sabeare krúsferwulft oanbrocht. De âlde preekstoel bleau op syn plak.[3]

Oargel bewurkje seksje

It oargel mei in neogoatysk front waard yn 1878 troch de bruorren Van Dam út Ljouwert boud. It oargel stie oarspronklik boppe de preekstoel.[4]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: