Sint-Vladimirkatedraal (Lûhansk)

De Vladimirkatedraal (Oekraynsk: Володимирський собор; Russysk: Свято-Владимирский собор) is in otterdokse katedraal yn Lûhansk yn Oekraïne. It is it grutste tsjerkegebou yn it súdeasten fan Oekraïne. Yn 'e katedraal is plak foar sa'n 3.000 parochianen. By de katedraal is it Teologyske Seminaarje fan Lûgansk.

Sint-Vladimirkatedraal
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Lûhansk
plak Lûhansk
koördinaten 48° 33' N 39° 21' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
Arsjitektuer
boujier 1995-2006
boustyl Russysk-byzantynske arsjitektuer
Webside
Side fan de katedraal
Kaart
Sint-Vladimirkatedraal (Oekraïne)
Sint-Vladimirkatedraal

Skiednis bewurkje seksje

De katedraal hat in krúsfoarmich grûnflak en mjit 51 meter by 44 meter. De hichte ynklusyf it 9 meter hege krús op 'e grutste koepel is 65 meter. Mei-inoar hat de katedraal 15 koepels fan ferskillende maten.

De tariedings foar de bou setten yn 1995 útein. Yn septimber 2003 wie it safier dat de bou foltôge waard en de wijde koepels op 'e tsjerke set wurde koene. Yn maart 2006 wie mei it lizzen fan de graniten flier it ynterieur ek fierweihinne klear, sadat yn dy moanne de katedraal ynwijd wurde koe troch Volodymyr, de metropolyt fan Kiëv en hiel Oekraïne.

Sûnt 2005 is oan de katedraal in oan de aartsingel Michael wijd teologysk seminaarje ferbûn.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: