De hillige Marinus fan Rimini († 360) wie neffens de leginde de stifter fan de âldste, no noch besteande, republyk fan de wrâld San Marino, op 3 septimber 301. Syn namme betsjut 'man fan de see' en syn nammedei wurdt fierd op 3 septimber of 4 septimber.

De hillige Marinus fan Rimini

Neffens de tradysje wie Marinus in stienhouwer kommend út it Dalmatyske eilân Rab yn de Adriatyske See. Hy stifte de kristlike steat San Marino wylst hy op de flecht wie foar de kristenfervolgingen fan de Romeinske keizer. Marinus boude in kapel op de Monte Titano en stifte in kristlike mienskip, dy't eltsenien beskerming en frijheid fan leauwe biede. Sa begûn San Marino's reputaasje as in plak foar asyl. Syn steat waard lykwols net daliks erkend. Dochs wist it lân te oerlibjen en yn 1291 erkende Paus Nicolaas IV dizze al lang besteande republyk.

Troch de bewenners fan San Marino wurdt hy no noch fereare as 'Libertatis fundator' en 'Skinker fan de Frijheid'. Mei dêrtroch stiet hy ek op ien fan de euromunten út San Marino. De Republyk San Marino stelde yn 1860 in Oarder fan Sint-Marinus yn.