Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma

De Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma (Ingelsk: Cheyenne and Arapaho Tribe of Oklahoma) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, dy't yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte waard yn 1936. It haadkertier is fêstige yn Concho, yn Oklahoma, mar der is gjin eigen reservaat mear.

Sjajinne en Arapaho Stamme
fan Oklahoma
Ingelsk Cheyenne and Arapaho Tribe
   of Oklahoma
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Oklahoma
haadkertier Concho (Oklahoma)
etnisiteit Súdlike Sjajinnen, Súdlike Arapaho
ledetal 12.000 (2011)
oprjochting 1936
status federale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaat Sjajinne en Arapaho Yndianeres.
(opheft; 1867-1898)
offisjele webside
www.c-a-tribes.org
kaart
Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma (Oklahoma)
Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Oklahoma.

Demografy bewurkje seksje

De Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma hie yn 2011 12.000 leden, dy't besteane út etnyske Sjajinnen (Cheyenne) fan 'e substamme fan 'e Súdlike Sjajinnen, en Arapaho fan 'e substamme fan 'e Súdlike Arapaho. Yn 2003 identifisearren har likernôch 8.000 fan 'e leden as Sjajinnen en 4.000 as Arapaho, mar troch it oanhâldende yninoar omtrouwen wurdt it almar dreger om noch te sizzen wa't in Sjajinne en wa't in Arapaho is.

Dat wurdt ek wjerspegele yn 'e namme fan 'e stamme, dy't sûnt 2000 feroare is fan Súdlike Sjajinne en Arapaho Stammen fan Oklahoma (meartal) yn Sjajinne en Arapho Stamme fan Oklahoma (inkeltal). Guon Súdlike Sjajinnen iverje foar it winnen fan federale erkenning foar de Tradisjonele Súdlike Sjajinne Naasje (Traditional Southern Cheyenne Nation), it Sjajinske diel fan 'e organisaasje, krekt sa't guon Arapaho erkenning sykje foar de Arapaho Stamme fan Oklahoma (Arapaho Tribe of Oklahoma), it Arapaho-diel. Dit stribjen liket lykwols net bot te einjen.

 
De eardere Yndianereservaten yn Oklahoma. It reservaat fan 'e Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho is it grutte dûnkerpearze flak yn westlik Oklahoma.

Skiednis bewurkje seksje

De Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho waarden troch de Amerikaanske oerheid yn 1867 aparte reservaten tasein, mar de Súdlike Arapaho fûnen de lokaasje fan harren reservaat yn Kansas mar neat, en keazen ynstee foar in mienskiplik reservaat yn Oklahoma, it Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat, mei harren tradisjonele bûnsgenoaten, de Súdlike Sjajinnen. Under de Wet-Dawes waard yn 1892 alle reservaatlân dat net yndividueel eigendom wie, frijjûn foar kolonisaasje troch de blanken. Mei de Wet-Curtis fan 1898 waarden alle Yndiaanske regearings yn Oklahoma opheft foarôfgeande oan it opnimmen yn 'e Amerikaanske Uny fan dat gebiet as in folweardige steat. Offisjeel hiet it dat Oklahoma oars sa'n soad reservaten hawwe soe, dat it ûnregearber wurde soe, mar eins wie it in ordinêr besykjen om 'e Yndianen te assimilearjen.

Yn 'e tweintichste iuw kaam Washington werom fan dat belied, mar tsjin dy tiid wie Oklahoma al in soevereine steat, en koe it nasjonaal regear Oklahoma net mear twinge om dy soevereiniteit werom te jaan oan 'e Yndianen. Likegoed besocht men manearen te finen om it wer wat goed te meitsjen, en in wichtige stap op dy wei wie it oannimmen fan 'e Oklahoma-Yndiaanske Wolwêzenswet fan 1936, dy't it begryp "eardere Yndiaanske reservaten yn Oklahoma" as in juridyske term yntrodusearre. Oan dy gebieten waarden tenei beskate foardielen takend dy't ek oan noch besteande reservaten tafoelen. As gefolch fan dizze wet koe yn 1937 de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma oprjochte wurde, sûnder reservaat, mar mei as juridyske lânbasis it eardere Sjajinne- en Arapaho-reservaat.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Additional reading, op dizze side.