Skanderbeg Monumint (Tirana)

It Skanderbeg Monument is in grut stânbyld op it Skanderbegplein yn de Albaneeske haadstêd Tirana. It monumint betinkt de fyftjinde-iuwske opstanneling Skanderbeg, dy't yn Albaanje fereare wurdt as nasjonale held fanwegen syn ferset tsjin 'e optsjende Osmaanske besetters.

Stânbyld fan Skanderbeg yn Tirana.

It 11 meter hege byld is makke troch Odhise Paskali. Ta oantinken fan it 500-jierrich ferstjerren fan Skanderbeg waard it yn 1968 ûntbleate.

Keppeling om utens bewurkje seksje