Skellefteå is de haadstêd fan de gemeente Skellefteå yn it lânskip Västerbotten en de provinsje Västerbottens län yn Sweden. De stêd leit oan de Europeeske wei 4, en oan de rivier de Skellefte älv dêr't de stêd nei neamd is. Skellefteå hat in treinferbining, in stasjon en in fleanfjild.

Skellefteå
Guldstaden
Guldstaden
Polityk
Lân Sweden
Lânskip Västerbotten
Län Västerbottens län
Sifers
Ynwennertal 32.425 (2008)
Oerflak 21,70 km²
Befolkingsticht. 1494 / km²
Hichte m
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CEST (UTC+2)
Offisjele webside
Offisjele webside

Skiednis bewurkje seksje

Der binne oanwizings dat Skellefteå al bewenne waard om 1000 n.Kr. hinne troch de Samen en mooglik ek de Finske befolking.

De namme Skellefteå wurdt beskôge as in staveringsfariant fan Skelepht út 1327, mar wis is de oarsprong net.

Yn de 14e iuw waard der al besocht om de bewenners fan de omkriten fan Skellefteå te kristenjen. Norrland waard lykwols earst iuwen letter as de rest fan Sweden ta it kristendom brocht, omdat noardlike plakken sa as Skellefteå foar in grut part noch ûnûntdutsen gebiet wiene. De stêd sels is noch hiel jong, feitlik ien fan de jongste yn Norrland. It waard yn 1845 troch kappelaan Nils Nordlander stifte.

Yn de 20e iuw hat Skellefteå him ûntjûn ta in yndustry- en mynboustêd en waarden in protte âlde houten huzen ferfongen troch stiennen wenten. De grutste partikuliere wurkjouwer yn Skellefteå is de mynboukompanjy Boliden AB, mei sa'n 1200 wurknimmers. It bedriuw wint gouderts en dêrom wurdt Skellefteå somtiden oantsjut as de Goudstêd. Yn de 90er jierren makke de kompjûteryndustry opgong, sadat Ericsson en Tieto Enator ek wurkjouwers fan belang wurden binne.

Sport bewurkje seksje

  • Skellefteå AIK, in Iishockeyklub dy't út yn de heechste Sweedske League
  • Morön BK, fuotbalklub, spilet yn 2e difyzje Norrland.
  • Skellefteå FF, fuotbalklub yn de 2e difyzje Norrland.
  • Sunnanå SK, fuotbalklub, fral bekend om syn spilers yn de frouljustakke (mei kampioenskippen yn 1982 en 1988)
  • Soo Shim Taekwondo Klubb, Swedens meast súksesfolle taekwondo klub.

Berne yn Skellefteå bewurkje seksje