Skrobberheideplanten

(Trochferwiisd fan Skrobberheide)

De skrobberheideplanten (Erica) binne in planteskaai út de heidefamylje.

skrobberheideplanten
Reade skrobberheide (Erica cinerea).
Reade skrobberheide (Erica cinerea).
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): asteriden
skift: heide-eftigen (Ericales)
famylje: heideplanten (Ericaceae)
ûnderfamylje: heideplanten (Ericoideae)
tûke: heideplanten (Ericeae)
skaai: skrobberheideplanten (Erica)
Linnaeus, 1753

Alle leden fan it geslacht hawwe altydgriene, nuddeleftige blêden fan 2 - 15 millimeter lang yn krânsen fan trije of fjouwer.

De fjouwertoskige blomkroan mei frije blomstêfkes stiet middenyn in griene tsjelk (fleiskleurich by Erica carnea). Erica sicula (Syn. Pentapera sicula ) hat in meastal fiiftoskige blomkroan.

De besibbe soarte Bruckenthalia spiculifolia (Syn. Erica spiculifolia) hat blomstêfkes dy't mei de blomkroan fergroeid binne.

De measte Europeeske soarten binne dwerchstrewellen fan 20 - 80 sintimeter heech. De grutste binne de beamheide, Erica arborea, en de biezemdopheide, Erica scoparia, dy't 6 - 10 meter heech wurde kinne.

Fan de mear as 750 soarten komme der mear as 600 yn it fynbos yn de Kaapstreek fan Súd-Afrika foar. De oare soarten binne ynlânsk yn de rest fan Afrika, it Middellânske Seegebiet en Europa.

Keppeling om utens bewurkje seksje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Erica fan Wikimedia Commons.