In skuonmakker is in ambachtsman dy't fuotark makket en reparearret, lykas skuon, learzens, sandalen, toffels en mokassins. Klompen wurde makke troch in klompemakker, in berop dat houtbewurker neier is as skuonmakker. De materialen dêr't skuonmakkers harren fuotark fan meitsje, wiene tradisjoneel almeast lear, hout (yn 'e regel beheind ta de soal), plestik, rubber en jute. Foar it meitsjen fan fuotark brûke skuonmakkers in saneamde least. Dat is in typearjend stik reau foar dizze beropsgroep dat de foarm fan in foet hat. De skoech of it oarsoartige fuotark wurdt dêromhinne foarmjûn. Foarhinne wiene leasten yn 'e regel makke fan hout of metaal, mar tsjintwurdich binne se meast fan plestik.

In skuonmakker oan it wurk.

It ambacht fan skuonmakker is tige âld. It waard al útoefene yn 'e Klassike Aldheid fan Grikelân en it Romeinske Ryk. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw kaam de produksje fan fuotark lykwols almar mear yn 'e hannen fan fabriken en oare grutskalige produksjemetoaden, dy't sok guod flugger en goedkeaper fabrisearje koene. Ut dy tiid datearje ek de standertskuonmjitten; foartiid waarden skuon troch de skuonmakker foar eltse klant apart op maat makke. Sadwaande rjochtsje skuonmakkers har hjoed oan 'e dei benammen op it reparearjen fan fuotark (en faak ek fan oar learwurk, lykas rimen), wylst se har net mear bemuoie mei de eigentlike produksje.

De patroanhilligen fan skuonmakkers binne Krispinus en Krispinianus, dy't oarspronklik skuon foar de earmen makken yn it Frânske Soissons.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.