Slach by Wolf Mountain

Slach by Wolf Mountain
(ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876)
datum: 8 jannewaris 1877
plak: oan 'e rivier de Tongue, yn súdlik Montana
(45°17′15,2″N 106°34′83,6″W)
útkomst: Amerikaanske oerwinning
konfliktpartijen
Lakota
Noardlike Sjajinnen
Feriene Steaten

befelhawwers
Mâl Hynder
Twa Moannen
Nelson A. Miles
Elwell S. Otis
sterkte
±500 436
ferliezen
11 deaden
ûnbekend tal ferwûnen
3 deaden
8 ferwûnen
kaart
Slach by Wolf Mountain (Montana)
Slach by Wolf Mountain
Lokaasje fan 'e Slach by Wolf Mountain yn 'e Amerikaanske steat Montana.

De Slach by Wolf Mountain wie in fjildslach yn it ramt fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, dy't plakfûn yn it suden fan Montana, yn 'e delling fan 'e rivier de Tongue, sa'n 6 km besuden it hjoeddeiske plak Birney. By dit grutte treffen fan 'e Sû-Oarloggen waarden de Lakota fan Mâl Hynder en de Noardlike Sjajinnen, oanfierd troch Twa Moannen, ferslein troch de ynfantery fan it Amerikaanske Leger ûnder lieding fan kolonel Nelson A. Miles. Dêrmei kin dizze slach suver beskôge wurde as de ein fan 'e Grutte Sû-Oarloch, al duorre it konflikt yn 'e praktyk noch in healjier fuort.

Foarskiednis bewurkje seksje

Nei't de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, yn 'e Slach oan de Little Bighorn, op 25 juny 1876, in ferpletterjende nederlaach tabrocht hiene oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, stjoerde it Amerikaanske Leger halje-trawalje fersterkings nei Montana. Under de kolonels Nelson A. Miles en Ranald S. Mackenzie behellen de Amerikanen yn it neijier fan 1876 ferskate oerwinnings, mar de oanhâldende druk fan it Amerikaanske regear op 'e Lakota om harren hillige lân, de Black Hills, op te jaan (dêr't ûnder de Ekspedysje nei de Black Hills fan 1874 goud fûn wie), soarge derfoar dat de Yndianen de striid fuortsetten.

Yn desimber 1876 sette kolonel Miles sadwaande ôf út Fort Keogh foar in winterkampanje. Hy hie it befel oer de Kompanjyen A, C, D, E en K (en detasjeminten fan 'e Kompanjyen B en H) fan it Amerikaanske 5e Ynfanteryrezjimint en de Kompanjyen E en F fan it Amerikaanske 22e Ynfanteryrezjimint, yn totaal 436 man. Syn ûnderbefelhawwer wie luitenant-kolonel Elwell S. Otis. Hja marsjearren noardoan, troch de delling fan 'e rivier de Tongue, dêr't neffens oanwizings fûn troch Yndiaanske ferkenners fan it Amerikaanske Leger de Lakota fan it opperhaad Mâl Hynder har befine moasten.

De slach bewurkje seksje

Op 7 jannewaris 1877 namen Miles syn mannen in pear Noardlike Sjajinnen kriichsfinzen. Dêrnei sloegen se har kamp op oan 'e Tongue, yn 'e neite fan it hjoeddeistige plak Birney. Yn 'e nacht foel der in nij sniedek en sakken de temperatueren oant fier ûnder it friespunt. Nei't der moarnsier op 8 jannewaris op it kamp sketten wie, liet Miles syn mannen in definsive stelling ynnimme by in heuvelrêch lâns wêrfan't it iennichste opfallende skaaimerk in kegelfoarmich ferhef wie dat neitiid de namme Battle Butte krige. Syn beide kanonnen posysjonearre Miles oan wjerskanten fan dat ferhef.

Om 7.00 oere moarns begûnen de krigers fan it Lakota-opperhaad Mâl Hynder en de Sjajinske haadman Twa Moannen oanfallen út te fieren op 'e liny fan 'e ynfantery, mar troch de superieure fjoerkrêft fan 'e soldaten koene se net ticht genôch by komme om slimme skea oan te rjochtsjen. De krigers loeken har ferskate kearen werom om har te wergroepearjen foar't se fannijs de oanfal ynsetten. Harren besykjen om 'e Amerikanen te flankearjen rûn ek op 'e non doe't Miles syn reserve ynsette om dy oanfallen op te fangen.

Uteinlik oardere Miles ferskate kompanjyen fan it 5e Ynfanteryrezjimint om op te tsjen nei in stikmannich heuveltsjes dy't beset holden waarden troch de fijân. De Amerikanen hiene der klauwen oan om dat foarinoar te krijen, temear om't se sterk yn har bewegingsfrijheid beheind waarden troch de djippe snie. Nei't it harren lykwols slagge wie om 'e heuveltsjes te besetten, loeken de Lakota en Noardlike Sjajinnen har ûnder almar minder wurdende waarsomstannichheden fan it slachfjild werom.

De balâns bewurkje seksje

Yn 'e Slach by Wolf Mountain hiene de Yndianen alve deaden en in ûnbekend tal ferwûnen te betreurjen. Under de Amerikaanske ynfantery wiene trije deaden fallen en acht soldaten ferwûne rekke.

Neisleep bewurkje seksje

Hoewol't de Slach by Wolf Mountain op in soad manearen as ûnbeslist beskôge wurde kin, wie it in strategyske oerwinning foar it Amerikaanske Leger, dat hjirmei demonstrearre dat de Lakota en Sjajinnen nearne net feilich foar harren wiene, sels net ûnder winterske omstannichheden. Dit treffen wie de lêste grutte fjildslach fan 'e Grutte Sû-Oarloch, dy't likernôch in healjier letter einigje soe mei de weromkear fan 'e opstannige Yndianen nei de reservaten en harren definitive ûnderwerping oan 'e Feriene Steaten. It Slachfjild fan de Wolf Mountains waard yn 2001 tafoege oan it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken, en hat sûnt 2008 de status fan national historic landmark.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.