De slapstickfilm is in subsjenre fan 'e komeedzjefilm, wêryn't de humor op lichaamlike grappen berêst, mei slaan, fallen, stroffeljen en knoffeljen, ynstee fan op dialooch, de plot of de ûntwikkeling fan 'e haadpersoanen. De fysike komeedzje yn soksoarte fan films omfettet yn 'e regel in cartooneske foarm fan geweld, dy't oer it algemien foar de slachtoffers ridlik ûnskealik is en it healwize karakter fan 'e film beklammet.

Om't yn 'e stomme film dialooch net mooglik wie en plot en karakterûntwikkeling ek dreech út te byldzjen binne sûnder te praten, binne slapstickfilms benammen bekend út 'e iere skiednis fan 'e film, foar't de lûdsfilm oan 'e ein fan 'e 1920-er jierren syn yntree die. Bekende slapstickakteurs út dy snuorje wiene Buster Keaton, Charlie Chaplin, de Keystone Cops en Harold Lloyd, dy't ûnder in laklaachje fan fysike humor gauris in maatskiplik boadskip tafoegen. Lettere komiken dy't slapstickfilms makken, lykas Laurel en Hardy, Abbott en Costello en The Three Stooges, hiene gjin boadskip en besochten inkeld fermaak te bieden.

Nei't de lûdsfilm de noarm wurden wie, waarden der folle minder slapstickfilms makke om 'e simpele reden dat doe oare foarmen fan humor, dy't basearre wiene op dialooch, folle ienfâldiger te filmjen wiene. Want foar slapstick komt it frijwat oan op timing, dat der wiene oer it algemien in protte opnamen nedich foar't in sêne der goed op stie. Likegoed waarden ek letter noch wol slapstickfilms makke, of komeedzjefilms mei slapstickeleminten. In goed foarbyld fan dy lêste kategory wie de filmrige Le Gendarme de Saint-Tropez fan 'e Frânske akteur Louis de Funès. Foarbylden fan moderne slapstickfilms binne The Naked Gun-trilogy (1988-1994), Home Alone (1990), Baby's Day Out (1994) en Dumb and Dumber (1994).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.