In sliepskip is in hypotetysk type bemanne romteskip wêryn't de bemanning en eventuële passazjiers de reis troch de romte trochbringe yn in foarm fan stasis of skyndea. Soks is op 't heden (noch) net mooglik; de iennichste foarm fan langduerige skyndea by minsken is no troch it ynfriezen fan minsklike embryo's dy't yn in ier stadium ferkeare, yn in proses dat embryokryopreservearring hjit.

Sliepskippen komme in protte foar yn literatuer en films fan it sjenre fan 'e science fiction, dêr't se brûkt wurde om ynterstellêr of yntergalaktysk reizgjen mei in legere faasje as dy fan it ljocht oannimlik te meitsjen. Sokke reizen soene potinsjeel hûnderttûzenen jierren duorje kinne, wat libbensrekking, bygelyks troch stasis of skyndea, nedich makket as de oarspronklike bemanning of de passazjiers by harren libben noch it plak fan bestimming berikke wolle. Yn dy kontekst is it tsjinstelde fan in sliepskip in generaasjeskip, wêrfan't de bemanning him fuortplantet fan generaasje op generaasje, sadat úteinlik in hiel oare bemanning it plak fan bestimming berikt as dy dêr't it skip mei ôfset is.

Guon foarbylden fan bekende science fiction-films dêr't sliepskippen yn foarkomme, binne 2001: A Space Odyssey (1968), Alien (1979), Aliens (1986), Lost in Space (1998), Avatar (2009), Prometheus (2012) en Passengers (2016).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.