It Slot fan Strassburg is in kastiel yn Strassburg yn de Eastenrykske dielsteat Karinsje. It kastiel tsjinne oant 1783 as residinsje fan de biskop fan Gurk.

Slot Strassburg
bouwurk
lokaasje
lân Eastenryk
dielsteat Karinsje
plak Strassburg
adres Schlossweg
bysûnderheden
type bouwurk Kastiel
boujier 12e iuw
monumintale status Monumint
monumintnûmer 63411 [1]

It kastiel waard troch biskop Roman I (berne foar 1100 yn Karinsje; † 3 aprik 1167 yn Gurk) boud op in strategysk plak oan de wei nei Gurk, wat de namme fan it kastiel ferklearret (letterlik oerset wei-boarch). Mei de bou fan in kastiel en in nije domtsjerke woe de biskop him ôfsette tsjin de aartsbiskop fan Salzburg. Yn 1179-1180 waard it kastiel belegere troch de aartsbiskop fan Salzburg en foar in grut part wer ferneatige, mar dêrnei folge weropbou.

De kapel fan de boarch waard yn de 12e iuw boud en bestiet út in skip, in fjouwerkant koer en in healrûne apsis. Yn de 14e iuw waard de kapel ferhege en yn de 15e iuw en yn 1682 waard it koer ferhege. Tagelyk mei de bou fan de kapel waard ek de berchfried boud.

Fan de 14e oant de 16e iuw waard it kastiel útwreide en fersterke, mar nei brannen yn 1638 en 1650 sette it ferfal yn.

De yn 1680-1690 oanboude arkadegongen

Under prinsbiskop Johan VIII frijhear von Goess waard it kastiel omboud ta in representatyf slot yn barokstyl. Tusken 1680 en 1690 waarden oan de muorren fan de binnenhôf troch Johannes Payr de twa ferdjippings tellende arkadegongen tafoege en dekorearre mei sgraffito yn renêssânsestyl. Yn 1685 waard it barokke portaal boud en in jier letter (op it plak fan de romaanske haadpoarte) in nije poarte. De kapel waard mei stúkdekoraasjes en fresko's fan Adam Claus fersierd.

By de ierdskodding fan 1767 rekke it kastiel skansearre en yn 1783 ferhûze de biskop nei kastiel Pöckstein. Dêrnei rekke it kastiel wer yn ferfal. Bliksemynslagen fan 1858 en 1904 feroarsake brannen.

Doe't de oerheid yn 't lest yn 1954 it kastiel slope litte woe fanwege de feiligens, waarden der stappen nommen ta behâld fan it bouwurk. It kastiel is hjoeddedei wer foar it measte restaurearre en rekonstruearre.

Iepenstelling bewurkje seksje

Tsjintwurdich is it kastiel iepensteld foar it publyk. Yn it kastiel binne:

  • in kultureel sintrum;
  • folklorstyske kolleksjes;
  • in jachtmuseum;
  • in restaurant.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side