In somby[1] of dead(e)ling[2] is in mytysk wêzen dat oarspronklik út 'e folkloare fan Haïty komt en tsjintwurdich gauris opfierd wurdt yn fiksje fan it horror- en fantasysjenre. It is it lyk fan in minske dat op 'e iene of oare wize wer ta libben (of eins ta in ûndeade steat) brocht is. Ornaris wurdt dat dien troch tsjoenderij, mar yn 'e moderne literattuer komme ek oare manearen wol foar, lykas radio-aktive strieling, sljochtsinnigens, firussen en oare patogenen, wittenskiplike ûngemakken, ensfh.

De film Night of the Living Dead, fan regisseur George A. Romero is it oarspronklike model dêr't de measte foarstellings fan sombys yn 'e Westerske kultuer op weromgeane.

De term 'somby' komt fan it Ingelske zombie, dat weromgiet op it Haïtiaansk-Frânske zombi en it Haïtiaansk-Kreoalske zonbi. It tinken is dat it úteinlik in ferbastering is fan it wurd nzambi ("god"), út 'e Afrikaanske Kongo-taal, of fan nzumbi ("siel") út it nau oan it Kongo besibbe Kimbûndû. It konsept fan 'e somby makke syn yntree yn 'e Westerske kultuer troch it boek The Magic Island, fan W.B. Seabrook, út 1929. Dat is in sinsasjonalisearre ferslach fan in ferteller dy't op Haïty yn oanrekking komt mei de voodoo-kultus en de yn dat ramt ta somby makke liken.

Yn 'e foarm wêryn't se ornaris yn 'e Westerske literatuer beskreaun wurde, hawwe sombys in yngewikkelde ôfstamming, mei't it gongbere Westerske byld sterk ôfwykt fan 'e Haïtiaanske tradysje. Op Haïty, dêr't it leauwe yn it bestean fan sombys noch altyd wiidferspraat is, wurdt in somby nammentlik sjoen as in soarte fan slaaf of tsjinner, dy't gjin eigen wil hat en dêrom sûnder problemen alderhanne drege, gefaarlike of saaie putsjes foar syn of har eigner opknappe kin. Dy eigner is in bokor, in tsjoender of heks, en sokke sombys wurde troch de bokor makke mei nekromânsje (deadetsjoenderij). Yn 'e Westerske kultuer, oan 'e oare kant, is de somby fermongen rekke mei eleminten fan 'e ûndeaden út 'e folkloare fan Jeropa, lykas fampieren en Mary Shelley har beskriuwing fan it meunster fan Frankenstein.

Yn 1932 makke Victor Halperin de horrorfilm White Zombie, mei yn 'e haadrol Bela Lugosi. Dêryn waarden sombys, op basis fan 'e Haïtiaanske tradysje, noch ôfskildere as de ferstânleaze trewanten fan in boasaardige tsjoender. Hoewol't sombys yn 't earstoan net folle foarkamen yn 'e Westerske sinema, waarden der fan 'e 1930-er jierren oant de 1960-er jierren dochs sporadysk films oer harren makke, lykas I Walked with a Zombie, út 1943, en Plan 9 from Outer Space, út 1959.

Pas yn 'e film Night of the Living Dead, fan George A. Romero, út 1968, waard it Haïtiaanske byld fan sombys hielendal loslitten. It wurd 'somby' wurdt yn dy film trouwens net ien kear brûkt, mar waard troch fans tapast op 'e meunsters dêr't de haadpersoan tsjin fjochtsje moast: minsklike liken dy't ta in steat fan ûndea brocht wiene. It ferfolch Return of the Living Dead foege dêr noch in pikant elemint oan ta: de sombys wiene út op kannibalisme fan libbene minsken, yn 't bysûnder fan 'e harsens fan libbene minsken. Dy foarstelling fan sombys is neitiid yn 'e Westerske kultuer ynboargere rekke, mei as gauris foarkommend subsjenre de somby-apokalyps, wêryn't de minsklike beskaving ûnder fuotten helle is troch in wrâldwide útbraak fan sombys. In goed foarbyld dêrfan is de film Zombieland, út 2009.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1855.
  2. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 281.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.