Fette tekstIn soprillo of pikkolosaksofoan is in koartlyn troch Benedikt Eppelsheim ûntwurpen oktaaf-sopraansaksofoan. De soprillo is op dit stuit (2007) de lytste saksofoan fan de wrâld mei in grutte fan 30 sm. Hy klinkt noch in oktaaf heger as de sopraninosaksofoan en stiet stimd yn Bes (Si-b). De Ingelske saksofoanist Nigel Wood is de earste soprillo-spiler yn it Feriene Keninkryk.

Soprillo Saksofoan

Mei't it ynstrumint sa ferskuorrende lyts is, is it hiel dreech te bespyljen. Omdat in goede embouchure nedich is, is it foar profesjonele saksofoanisten saak om moannen op it ynstrumint te oefenjen, foardat de heechste noaten goed spile wurde kinne.

Berik bewurkje seksje

De soprillo hat in berik fan de lege Bes, lykas de measte saksofoanen, oant in hege Es, wylst de measte saksofoanen oant de hege Fis rikke. De noaten fan de hege G ôf hat lykwols in oare fingersetting as gewoane saksofoanen. Troch de lytse ôfmjittings sit de oanstjoering fan de oktaafklep tsjin it mûlestik.

Keppeling om utens bewurkje seksje