In soundtrack is eins it lûdsspoar (letterlike fertaling út it Ingelsk) fan in film, tillefyzjeprogramma of kompjûterspultsje, mei dialogen, eftergrûnlûden, lûdseffekten en filmmuzyk.

Yn it gewoane spraakgebrûk wurdt dizze term lykwols ornaris brûkt as oantsjutting foar it gehiel oan muzyk dat yn in film, searje of kompjûterspul te hearren is, mei dêrby sawol de titelsong as de eftergrûnmuzyk. By films wurdt dizze muzyk faak yn 'e foarm fan in saneamd soundtrack-album op cd útjûn omtrint deselde tiid dat de byhearrende film yn premiêre giet. Soms omfiemet sa'n soundtrack-cd ek ien of mear nûmers dy't in hit wurde, en op dy manear de film ekstra promoasje jouwe.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.