Spannenburch (buorskip)

Spannenburch is in buorskip yn de gemeente De Fryske Marren en is diel fan it doarp Tsjerkgaast. Spannenburch leit tusken Sint Nyk en Sleat, bij de brêge oer it Prinses Margrietkanaal. De hege stjoermêst is fan fierrens te sjen.

Het Wapen van Friesland, 2010
De toer fan Spannenburch

It doarp is neamd nei de bewenner fan de âlde, restaurearre útspanning Het Wapen van Friesland. Op dit plak kruse wetters en diken út ferkillende rjochtingen elkoar. It is fanâlds ek in wichtich oerstappunt foar streekbussen fan Autobedriuw ZWH, FRAM, VEONN, Arriva en Connexxion. Sûnt 1937 is hjir in produksjebedriuw foar it meitsjen fan drinkwetter. Fierder stiet der in stjoermêst, faak "de PTT-toer" neamd. Dy toer fan Spannenburch is eigendom fan KPN en wurdt foar telekommunikaasje en radio-útstjoeringen brûkt. De betonkonstruksje is 145 meter, de totale sichtbere hichte 118 meter.

Oan de gemeentlike weryndieling fan 1984 makke Spannenburch diel út fan de eardere gemeente Doanjewerstâl.

De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
wizigje