In spienhôf of areola, ek wol bekend ûnder de oantsjutting tepelhof, hoewol't dat eins in hollanistyske ynterferinsje is, is yn 'e minsklike anatomy it donkerkleurige stikje hûd om 'e spien (tepel) hinne. In spienhôf is yn 'e regel rûn, mar soms ek wol ovaal, en by blanke minsken is it meast readich of dûnkerrôze. By minsken fan it mongoloïde ras is it brún, wylst it by negroïde minsken in donkerbrune oant swarte kleur hat. Spienhôven binne gefoeliger as gewoane minsklike hûd, mar net sa gefoelich as de spien sels.

Spienhôf fan in frou

It synonym 'areola' wurdt ek wol brûkt foar de ferkleuring om in pûst hinne; de Latynske namme foar in spienhôf is dan ek spesifiker: areola mammae.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.