In spiraalpuzel, ek wol koarkelûkerpuzel neamd, is in wurdpuzel yn de foarm fan in spiraal. In spiraalpuzel is yn wêzen in lange keatling fan wurden in twa rjochtingen: Linksom, nei binnen ta tsjin de wizers fan de klok yn, en rjochtsom nei bûten ta, tsjin de wizers fan de klok yn. De rigen binne as in serpentine oprôle.

Spiraalpuzel út de Friesland Post

De oplossingswurden linksom moatte ynfold wurde yn de hokjes fan 1 oant 100. De rjochtsom draaiende wurden foarmje in oare rige wurden dy’t fan 100 oant 1 ynfold wurde moatte.

De einoplossing kin bestean út in tal hokjes dy’t bytiden yn in kleure horizontale, fertikale of diagonale rige steane.

Oanwizings bewurkje seksje

In omskriuwing mei in tafoeging as bygelyks “20-26” betsjut dat de earste letter yn hokje 20 en de lêste letter yn hokje 26 ynfold wurde moat. It frege antwurd hat yn dat foarbyld dus 7 letters. De neikommende oanwizing begjint dan yn hokje 27 en sa fierder nei hokje 100 yn’e midden fan de spiraal. Elk hokje fan in spiraalpuzel wurdt dus twaris brûkt: ien kear nei binnen en ien kear nei bûten ta. By it oplossen kin yn twa rjochtingen puzele wurde. It ûntbrekken fan krusende wurden makket spiraalpuzels lestiger oplosber. By slimmere soarten spiraalpuzels misse de nûmers yn de spiraal.

Spiraalpuzzels yn ien rjochting bewurkje seksje

 
Spiraalpuzel yn ien rjochting

Der besteane ek spiraalfoarmige puzels dêr’t wurden mar yn ien rjochting ynfold wurde moatte. De lêste letter fan it iene oplossingswurd is tagelyk de earste letter fan it folgjende wurd. Sûnder oerlaapjende letters is sa’n puzel net mear as in kwis mei it uterlik fan in puzel. By slimmere soarten spiraalpuzels ûntbrekke de nûmers yn de spiraal.

Farianten bewurkje seksje

  • Der besteane el lispuzels dêr’t mei puzelstikjes in spiraal lein wurde moat.
  • Trijediminsjonale spiraalpuzels kinne út elkoar helle wurde. Dêrnei moate de losse stikjes wer yn elkoar setten wurde. De goede wize fan draaien, triuwen en skowen hat by sokke 3D-puzels te krijen mei ‘spiraal’.[1]


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Oplossen 3D-puzel
Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgorebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltrochrinnerwordfeudwurdljedderwurdriuwenwurdsiker