Spoar fan Ljouwert nei Grins

It spoar fan Ljouwert nei Grins bestiet sûnt 1 juny 1866. De ferbining wie eartiids ûnderdiel fan de steatsline B, dy't fan Harns nei Nijeskâns rûn. It spoar fan Ljouwert nei Grins hat in lingte fan 54 kilometer. Oan it spoar lizze de stasjons Ljouwert - Ljouwert-Kammingabuorren - Stasjon Hurdegaryp - Stasjon Feanwâlden - Stasjon De Westereen - Stasjon Bûtenpost - Grijpskerk - Súdhorn en Stasjon Grins.

De spoarferbining is in desintraal spoar, dat wol sizze dat it net falt ûnder de ferantwurdlikheid fan in Ministearje fan Ferkear en Wettersteat, mar dat it falt ûnder in desintrale oerheid. Dat binne yn dit gefal de provinsjes Fryslân en Grinslân. De ferfierskonsesje is yn hannen fan Arriva. Dêrmei hat Arriva it allinnerjocht om op it trajekt treinen ride te litten.

It spoar waard inkelspoarich oanlein en is net elektrifisearre. Letter waard besluten om it spoar te ferdûbeljen. Doe't bliken die dat ferdûbeljen oer de hiele lingte te djoer wie, is allinnich it stik Feanwâlden - Grijpskerk ferdûbele (sa'n 30 kilometer). Op dit stik fan it spoar jildt in maksimum snelheid fan 140 kilometer it oere. It spoar Ljouwer-Grins is befeilige mei ATB-NG. Op it spoar sûnder boppelieding ride Switserske Spurt-dieseltreinen.

Stasjons en gebouwen bewurkje seksje

(kursyf: earder stasjon)

Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou
  Ljouwert 1863 1863, SS, 1e gebou, type SS tredde klasse inkelde kearen yngreven ferboud
  Ljouwert Achter de Hoven 1915 gjin, stasjon sletten yn 2018
  Ljouwert-Kammingabuorren 1991 1991, NS, 1e gebou, abri
Alddeel 1915 gjin,stasjon sletten yn 1947
  Tytsjerk 1866 gjin, gebou sloopt yn 1950, stasjon sletten yn 1950
  Hurdegaryp 1866 1964, NS, 2e gebou, Standerdtype Vierlingsbeek, by iepening type SS fyfde klasse
  Feanwâlden 1866 1973, NS, 2e gebou, Standerdtype Beilen, by iepening type SS fjirde klasse
De Westereen 1866 gjin, gebou út 1955 sloopt yn 2003
Wyldpaad 1885 gjin, stasjon sletten yn 1887
Feankleaster-Twizel 1921 gjin, stasjon sletten yn 1938
  Bûtenpost 1866 1973, NS, 2e gebou, Standerdtype Beilen, by iepening type SS fjirde klasse
Fryslân/Grinslân
  Fisfliet 1892 gjin, gebou Standerdtype Fisfliet

sloopt yn 1983, stasjon sletten yn 1991

  Grypskerk 1866 gjin, 3e gebou in 2005 sloopt, bij iepening type SS fyfde klasse
  Súdhorn 1866 1976, NS, 2e gebou, Standerdtype Beilen, by iepening type SS fyfde klasse
Den Horn 1885 gjin, stasjon sletten yn 1938
Hoogkerk-Vierverlaten 1886 gjin, gebou sloopt yn 1984, stasjon sletten yn 1951
  Grins 1866 1896, SS, 3e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Isaac Gosschalk

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: