De springmûzen (wittenskiplike namme: Zapodinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e jerboä's (Dipodoidea) en de lyknammige famylje fan 'e jerboä's (Dipodidae). De springmûzen omfetsje fiif libbene soarten, wêrfan't fjouwer yn Noard-Amearika libje, en ien yn Aazje.

Springmûzen
In greidspringmûs.
In greidspringmûs.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: jerboä's (Dipodoidea)
famylje: jerboä's (Dipodidae)
ûnderfamylje: springmûzen (Zapodinae)
Coues, 1875

Hoewol't se der rûchwei útsjogge as mûzen, ûnderskiede dizze kjifdieren har troch ferlingde efterpoaten dy't se brûke om har al huppend fuort te bewegen. De sturt foarmet 60% fan 'e totale lichemslingte en wurdt brûkt om by de faak grutte sprongen oer ûneffen oerflakken it lykwicht te hâlden. Teffens beskikke springmûzen oer wangpûden om iten yn op te slaan.

De springmûzen (dy't yn it Nederlânsk huppelmuizen neamd wurde) binne nau besibbe oan 'e bjirkemûzen. Foarhinne wiene dy beide groepen sadwaande yndield yn in aparte taksonomyske famylje: de slingermûzen (Zapodidae). Nij ûndersyk hat lykwols útwiisd dat se like nau besibbe binne oan 'e jerboä's, sadat se frij resint by de famylje jerboä's (Dipodidae) ûnderbrocht binne. De oantsjuttings slingermûzen en Zapodidae binne sadwaande efterhelle en wurde yn 'e moderne taksonomy net mear brûkt.

Underfamylje-opbou bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.