Squaw (útspr.: [skwɔ:]) is in wurd fan Yndiaanske oarsprong dat al ier yn it Ingelsk opnommen is en fia dy taal ek as lienwurd yn in protte oare Westerske talen trochkrongen is, mar dat tsjintwurdich almeast as oanstjitjaand beskôge wurdt.

Portret fan in jonge Tsjoktou-frou.

Oarsprong bewurkje seksje

Fan oarsprong wie squaw in haadwurd (yn it Ingelsk komt it ek foar as eigenskipswurd) dat "frou fan Yndiaansk komôf" betsjut. Squaw is ôfkomstich út ien fan 'e Algonkwynske talen, wierskynlik it útstoarne Narraganset, en waard foarsafier bekend yn 1622 foar it earst as ûnderdiel fan 'e Ingelske skriuwtaal brûkt, yn 'e kroniken fan 'e puriteinske Plymouth-koloanje fan Nij-Ingelân. It giet werom op it Proto-Algonkwynske *[eθkwe:wa], dat yn libbene Algonkwynske talen (yn 'e betsjutting fan "frou") noch foarkomt as iskwēw (Kry), ǝxkwē (Delawêr), ekwēwa (Sjâny) en ikwe (Odjibwe). De útspraak [skwɔ:] of [skwa] komt benammen foar yn 'e noardliker leden fan 'e Eastalgonkwynske taalkloft.

Oanstjitjaande lading bewurkje seksje

Der is gjin inkeld bewiis dat it wurd yn 'e earste iuwen fan syn bestean as in lienwurd yn 'e Ingelske taal in negative lading hie; it wie gewoan de oantsjutting foar in Yndiaanske frou. Pas yn 'e njoggentjinde iuw sloep der stadichoan wat lytsachtsjends yn. En net allinne as it wurd foar froulju brûkt waard; ek foar manlju koe it in skelwurd wêze: in squaw man wie òf in man dy't frouljuswurk die, òf ien dy't mei in squaw troud wie en by har folk ynwenne; op beide soarten lju waard delsjoen. Op dy manear waard it wurd fral ûnder Yndianen al rillegau as oanstjitjaand beskôge.

Foar in diel is dat ek werom te fieren op in betizing mei otsiskwa, in wurd út 'e Irokeeske taal fan 'e Mohauk-Yndianen, dat fan "fagina" betsjut. Yn 'e jierren santich gie rûnom it (ûnwiere) ferhaal dat squaw dêrfan ôflaat wie, en dat it dus gewoan in skelwurd is foar "frou". Doe't yn 1992 de Yndiaanske aktiviste Suzan Harjo datselde foar wier fertelde doe't se te gast wie yn it praatprogramma fan 'e ûnbidich ynfloedrike tillefyzjemakster en presintatrise Oprah Winfrey, waard dat ferhaal opnommen yn it algemiene Amerikaanske bewustwêzen. Guon lju begûnen squaw sa affrontearjend te finen dat se it tenei staveren as sq***, of inkeld noch fan "it s-wurd" sprieken. Tsjin 2000 wie de Amerikaanske oerheid úteinset mei alle geografyske nammen yn 'e Feriene Steaten dêr't it wurd squaw diel fan útmakke, te wizigjen. Sa waard Squaw Peak, de op ien nei heechste heuvel yn 'e stêd Phoenix, yn 2008 omneamd ta Piestewa Peak (nei Lori Ann Piestewa, in frou út 'e steat Arizona dy't de earste Amerikaanske soldate fan Yndiaansk komôf wie dy't ea yn 'e striid sneuvele, en teffens de earste Amerikaanske soldate dy't omkaam yn de Twadde Golfoarloch).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.