Stanley Unwin (útjouwer)

Sir Stanley Unwin (Londen, 19 desimber 1884 – dêre, 13 oktober 1968) wie in Ingelsk útjouwer, dy't wrâldferneamd waard troch syn publikaasje fan 'e boeken The Hobbit en The Lord of the Rings, fan J.R.R. Tolkien.

Stanley Unwin
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stanley Unwin
nasjonaliteit Britsk
berne 19 desimber 1884
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 13 oktober 1968
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt útjouwer
jierren aktyf 19141968
It bertehûs fan Stanley Unwin yn Londen.

Libben en karriêre bewurkje seksje

Unwin waard yn 1884 berne op it adres 13 Handen Road, yn 'e buert Lee, yn 'e súdeastlike Londenske wyk Lewisham. As bern genoat er ûnderwiis oan 'e Abbotsholme School yn Rocester, in kostskoalle dêr't er letter syn eigen soannen ek hinne stjoere soe.

Yn 1914 naam Unwin de útjouwerij fan George Allen oer, dy't er doe omneamde ta George Allen & Unwin. Dat bedriuw publisearre yn 'e begjinjierren ferskate earnstige en soms kontroversjele boeken fan skriuwers as Bertrand Russell en Mahatma Gandhi. As libbenslange pasifist joech Unwin him ûnder de Earste Wrâldoarloch as gewissebeswierde by de Voluntary Aid Detachment, in ferpleechkundige tsjinst ferbûn oan it Britske Reade Krús.

Yn 1936 joech Unwin it berneboek The Hobbit út, fan 'e doedestiden ûnbekende taalkundige J.R.R. Tolkien, nei't syn tsienjierrige soan Rayner in positive resinsje oer it manuskript skreaun hie. Doe't it boek in súkses waard, trune Unwin Tolkien oan om in ferfolch te skriuwen, dat lykwols oant 1954 op him wachtsje liet. Dat jiers ferskynden The Fellowship of the Ring en The Two Towers, de earste beide dielen fan 'e ferneamde trilogy The Lord of the Rings, in jier letter folge troch it trêde diel, The Return of the King. Tsjin dy tiid wie Unwin benammen drok mei it runnen fan syn bedriuw yn 'e posysje fan presidint-direkteur, en waard it eigentlik redaksjewurk fan 'e boeken troch Rayner dien.

Stanley Unwin kaam yn 1968, yn 'e âlderdom fan 83 jier, te ferstjerren yn Londen. Neitiid waard ta syn oantins op syn bertehûs in Blauwe Plakkette oanbrocht. Unwin syn soan Rayner Unwin naam doe syn bedriuw oer, wylst syn oare soan David Unwin in berneboekeskriuwer waard. Ek syn omkesizzer Ursula Moray Williams wie in berneboekeskriuwster, en ien fan syn pakesizzers rjochte yn 1990 de útjouwerij Merlin Unwin Books op.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.