Star Trek: Insurrection

Star Trek: Insurrection is in Amerikaanske science fiction-film út 1998 ûnder rezjy fan Jonathan Frakes, mei yn 'e haadrollen Patrick Stewart, Frakes sels en Brent Spiner. It wie de njoggende film út 'e Star Trek-filmsearje, en de trêde dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation. De titel betsjut "Stjerretocht: Rebûlje". It ferhaal folget de bemanning fan it romteskip de USS Enterprise as se op it spoar komme fan in snoad plan om 'e bûtenierdske Ba'ku fan harren planeet te deportearjen. As bliken docht dat de lieding fan 'e Stjerrefloat dêrby belutsen is, komt de bemanning fan 'e Enterprise yn opstân. Star Trek: Insurrection krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, en mar wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol.

Star Trek: Insurrection
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jonathan Frakes
produsint Rick Berman
senario Michael Piller
basearre op Star Trek: The Next Generation
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Matthew F. Leonetti
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Patrick Stewart
Jonathan Frakes
Brent Spiner
byrollen Marina Sirtis
Michael Dorn
LeVar Burton
Gates McFadden
F. Murray Abraham
Donna Murphy
Anthony Zerbe
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 11 desimber 1998
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 103 minuten
budget en resultaten
budget $58 miljoen
opbringst $112,6 miljoen
filmsearje
filmsearje Star Trek
● foarich diel Star Trek: First Contact
● folgjend diel Star Trek: Nemesis

Plot bewurkje seksje

De androïde Data, in luitenant 1e klasse by de Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, is tydlik oerpleatst fan it USS Enterprise-E nei in geheime misje op 'e planeet fan 'e Ba'ku. Dat is in humanoïde ras fan bûtenierdske wêzens fan net mear as 600 leden, dy't in fredich bestean liede. Se binne har der alhiel ûnbewust fan dat se by alles dat se dogge, observearre wurde troch ûndersikers yn pakken dy't harren ûnsichtber meitsje, en út in gebou by harren doarp wei, dat krekt sa kamûflearre is. Wylst er by de observaasjemisje belutsen is, kriget Data syn programmatuer kueren. Hy draait troch, docht syn kamûflaazjepak út en bringt de Ba'ku fan 'e oanwêzigens fan 'e oaren op 'e hichte, wêrby't er harren warskôget dat it harren fijannen binne, dy't minne dingen mei harren fan doel binne.

Admiraal Matthew Dougherty, dy't de lieding oer de observaasjemisje hat, nimt neitiid kontakt op mei kaptein Jean-Luc Picard op 'e USS Enterprise, de direkte superieur fan Data, om 'e skematyk fan syn hardware op te freegjen. Hy stelt lykwols mei klam dat der gjin ferlet fan is dat de Enterprise him fierder mei de saak bemuoit. Kaptein Picard, dy't himsels net inkeld as Data syn befelfierend ofsier, mar ek as syn freon sjocht, beslút dat te negearjen, en lit syn skip koers sette nei de wrâld fan 'e Ba'ku. Dy is sitewearre yn in diel fan 'e romte dêr't de Federaasje oanspraak op makket, midden yn in gebiet mei alderhanne romtedizen en oare anomalyen, dat bekend stiet as de Toarnbosk. Fanwegen de ferhege radio-aktive strieling en oare útstjit yn dat gebiet is dêrwei kommunikaasje fia de subromtebân mei de rest fan 'e Molkewei net mooglik.

As de USS Enterprise by de fan twa grutte ringen foarsjoene planeet oankomt, nimt Dougherty mei dúdlike tsjinnichheid it oanbod fan help fan Picard oan, mei't it himsels noch altyd net slagge is om Data yn 'e hannen te krijen. De androïde hat de oare leden fan 'e observaasjemisje op it planeetoerflak yn gizeling nommen en mei syn romtesloep Dougherty syn skip besketten doe't dat te ticht by de planeet kaam. Picard en luitenant Worf, in Klingon dy't by de Stjerrefloat tsjinnet, witte mei muoite Data te oermasterjen, wêrnei't se de androïde mei weromnimme nei de Enterprise.

Wylst Data ûndersocht wurdt troch luitenant Georgi La Forge, syn freon en de masinist fan 'e Enterprise, lit Picard him mei skipsdokter Beverly Crusher en ferskate oaren nei it planeetoerflak strielje, dêr't se de finzenholden leden fan 'e observaasjemisje befrije wolle. It docht lykwols bliken dat dyselden gastfrij opfongen binne troch de Ba'ku en tige goed fersoarge binne. As Picard de lieders fan 'e Ba'ku, ûnder wa de man Sojef en de frou Anij (útspr.: "Aniizj"), besiket út te lizzen wat der mei de "keunstmjittige libbensfoarm" misgien is, oppenearret ien fan 'e Ba'ku dat der "in faze-ôfwiking yn syn positroanyske matriks" optreden wie dy't sy net reparearje koene. De Ba'ku binne dúdlik net de primitive maatskippij dy't se lykje. Anij en Sojef fertelle dat se it restant binne fan in ras dat syn eigen planeet troch oarlochfiering ferwoastge hat en dat se ûntkommen binne om in nije wrâld te sykjen, dêr't se in ienfâldich bestean liede koene mei sa min mooglik technology. Dat wol lykwols net sizze dat se harren kennis fan sokke saken fergetten binne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Picard is optein oer dat nijs, mei't it betsjut dat der troch Data syn dieden gjin skea tabrocht is oan 'e natuerlike ûntwikkeling fan 'e Ba'ku. Werom oan board fan 'e Enterprise kriget er fan admiraal Dougherty te hearren dat er betanke wurdt foar syn tsjinsten, mar dat de Enterprise fierders net mear nedich is. It oanhâldende oankringen op 'e ôfreis fan him en syn skip makket Picard erchtinkend. Dat boazet allinne mar oan as La Forge fêststelt dat de swierrichheden mei Data kamen troch skea dy't feroarsake waard trochdat de androïde besketten is mei in laserwapen sa't de Son'a dy brûke.

De Son'a binne in ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Stjerrefloat by de observaasjemisje mei gearwurket. Se binne tige minmachtich, krekt as de Ba'ku, mar beskikke oer heechweardige technology en wapens dy't ferbean binne ûnder de kêsten fan ferskate ynterstellêre ferdraggen. It binne krebintige humanoïde wêzens, dy't medyske techniken ynsette om net fan âlderdom te stjerren. Harren oerdiedige gebrûk fan plastyske sjirurzjy hat harren in mummifisearre uterlik jûn. Yn 'e lêste iuw hawwe se twa primitive rassen fan bûtenierdske wêzens, de Tarlac en de Ellora, ûnderwurpen en yn harren maatskippij opnommen as in arbeidersklasse. It is folslein ûndúdlik wêrom't de Stjerrefloat gearwurkje wolle soe mei sokken.

Data wurdt reparearre troch La Forge, dy't dêrby lykwols inkele oantaaste dielen fan syn ûnthâld ferwiderje moat. La Forge stelt fêst dat de laserynslach derfoar soarge hat dat Data syn reservepersoanlikheid ynskeakele waard, dy't folslein basearre is op ûnderskie tusken goed en kwea om foar te kommen dat immen misbrûk meitsje kinne soe fan 'e androïde. It lêste dat Data noch wit, is dat er op 'e dei dat syn problemen begûnen, in pear Ba'ku-bern yn 'e rjochting fan 'e keardaam by it doarp folge is. Picard keart mei Data nei it planeetoerflak werom, dêr't Sojef en Anij harren troch Artim, de soan fan Sojef, sjen litte wêr't hy en syn maat dy deis boarte hawwe. Dat wie oan 'e igge fan 'e opslachmar, dêr't Data no nuvere enerzjy-útslaggen op syn tricorder-apparaat kriget. As se de keardaam iepensette om it wetternivo yn 'e opslachmar sakje te litten, docht bliken dat dêr ûnder wetter in kamûflearre romteskip leit, dat ien grut holodek foarmet. Oan board is it doarp fan 'e Ba'ku oant yn detail neimakke.

Picard, Data en Anij wurde besketten troch ien fan 'e Son'a, mar Picard en Data weve handich mei him ôf. Data riddenearret er it holoskip earder ek ûntdutsen hawwe moat, mar dat ien fan 'e Son'a him doe grif oer it mad kommen is. Picard konkludearret dat der gjin oare reden wêze kin foar it neibearen fan it Ba'ku-doarp as om 'e hiele mienskip fan 600 Ba'ku yn harren sliep nei it holoskip oer te strieljen, harren nei in oare planeet te deportearjen dêr't it doarp en alles deromhinne ek sekuer neimakke is, en harren dan dêrhinne oer te strieljen sûnder dat se de sels ek mar de minste aan fan hawwe dat se fan harren eigen planeet ôf helle binne. Hy kin him allinne net begripe wêrom't immen safolle muoite dwaan wolle soe as der neat fan útsûnderlike wearde op 'e planeet fan 'e Ba'ku is.

Underwilens begjint de hiele bemanning fan 'e USS Enterprise him jonger, enerzjiker en krêftiger te fielen. De eins bline La Forge kriget lêst fan syn eachprotezes, en as dokter Crusher dy ferwideret, docht bliken dat syn eagen harsels reparearre hawwe. De earste ofsier William Riker en adviseur Deanna Troi blaze harren lang lyn opjûne romantyske relaasje nij libben yn. As Picard himsels derop trappearret dat er yn syn kapteinshut de mambo dûnset, keart er werom nei de planeet en freget Anij planút wat der geande is. Hja fertelt him dat de ringen om 'e planeet in ûngewoane metafazyske strieling útstjitte, dy't oanhâldende sellulêre regeneraasje feroarsaket. Dat hat de Ba'ku effektyf ûnstjerlik makke; Anij jout ta dat sy eins 309 jier âld is. Neitiid krije Picard en Anij in românse.

As Picard admiraal Dougherty mei syn ûntdekkings konfrontearret, jout dy ta dat de top fan 'e Stjerrefloat en de Son'a fan doel binne de metafazyske dieltsjes út 'e ringen te 'rispjen', om dêrmei in ferjongingsmiddel te produsearjen. De termolytyske reäksje dy't sa'n 'risping' opropt, sil de planeet lykwols foar iuwen ûnbewenber meitsje. Dêrom moatte de 600 Ba'ku wike foar it belang fan hûnderten miljarden oare wêzens. As Picard derop wiisd dat soks dwers tsjin 'e Earst Rjochtline fan 'e Federaasje yngiet, om net yn 'e ûntwikkeling fan bûtenierdske rassen yn te gripen, antwurdet Dougherty dat de Ba'ku net lânseigen binne op dizze planeet, en dat harren deportaasje har inkeld ta har natuerlike evolúsje werombringe soe. Foar sokke draaikonterige abbekateriddenearrings hat Picard gjin goed wurd oer, mar Dougherty jout him planút in befel om mei de Enterprise fuort te gean en him fierders net mei de saak te bemuoien. Picard driget protest oan te tekenjen by it opperbefel fan 'e Stjerrefloat, mar Dougherty seit dat er dat mar dwaan moat. Tsjin 'e tiid dat de Enterprise út 'e Toarnbosk wei is en oer en wer mei it opperbefel kommunisearre hat, sille sawol de deportaasje as de rispinge fan 'e ringen al dien en foarby wêze.

Picard beslút dêrop yn opstân te kommen tsjin Dougherty, dy't syn wettige superieur is, troch himsels nei it planeetoerflak te strieljen om 'e Ba'ku te helpen en ûntkom oan 'e deportaasje. Worf, Troi, Data en dokter Crusher jouwe har by him. Underwilens sette Riker en La Forge ôf mei de USS Enterprise om bûten de Toarnbosk kontakt op te nimmen mei it opperbefel fan 'e Stjerrefloat en protest oan te tekenjen tsjin 'e gong fan saken. Picard-en-dy liede de Ba'ku nei de bergen ta, dêr't rike ôfsettings fan beskate dylchstoffen teleportaasje ûnmooglik meitsje. Underweis dêrhinne wurde se lykwols efterfolge troch de Son'a dy't besykje harren oer te strieljen nei harren skip foar't se de bergen berikke kinne. As dokter Crusher in delsketten Son'a-soldaat ûndersiket, komt se ta de ferrassende konklúzje dat de Son'a genetysk identyk binne oan 'e Ba'ku. Troch roboatyske drones yn te setten slagget it de Son'a om in diel fan 'e Ba'ku finzen te nimmen, ûnder wa Sojef, Anij en ek Picard.

Ahdar Ru'afo, de lieder fan 'e Son'a, bepraat Dougherty om him ta te stean en fal de Enterprise oan mei twa Son'a-skippen. Riker makket lykwols handich gebrûk fan 'e aparte omstannichheden yn 'e Toarnbosk en lokket de fijân yn 'e fâle, wêrby't it iene Son'a-skip ferneatige wurdt, wylst it oare swier skansearre rekket. Dêrnei ûntkomt er mei de Enterprise út 'e Toarnbosk. No't syn snoade plan op it punt stiet om buorkundich makke te wurden, stiet Ru'afo der by Dougherty op oan om fuortendaliks útein te setten mei it rispjen fan 'e metafazyske dieltsjes yn 'e ringen, wat de dea fan alle efterbleaune Ba'ku op 'e planeet betsjutte soe. Dougherty wegeret dêroan mei te wurkjen, mar Ru'afo fermoardet him.

Underwilens hat Picard fan 'e finzen Ba'ku begrepen dat de Son'a in splintergroep fan 'e Ba'ku wêze moatte, besteande út jongerein dy't him net dellizze woe by it ferbod op it brûken fan heechûntwikkele technology. Goed in iuw lyn besochten dy de macht op 'e planeet te gripen, en doe't dat mislearre, waarden se troch de lieders fan 'e Ba'ku fan 'e planeet ferballe, wêrmei't harren de tagong ta it ferjongjende effekt fan 'e ringen ûntsein waard. Ynstee ûntwikkelen de Son'a in keunstmjittige en ymperfekte wize om harren libbens te ferlingjen, ek al rekken se dêrtroch misfoarme. Ru'afo jout syn ûnderbefelhawwer Gallatin opdracht om Picard te eksekutearjen, mar Gallatin is ien fan 'e Son'a dy't nei Data syn yngripen dagenlang yn it doarp fan 'e Ba'ku fêstsitten hat. Dy ûnderfining hat yn him in langst wekker makke nei it libben fan syn jonkheid. Picard kin him sadwaande beprate om him te helpen en hâld Ru'afo tsjin.

Mei help fan Data en Worf, dy't mei de romtesloep omheech komme fan 'e planeet om it Son'a-skip oan te fallen, witte Picard en Gallatin Ru'afo en de oare Son'a en harren Tarlac- en Ellora-assistinten te mislieden en har ûngemurken oer te strieljen nei it holoskip út 'e mar, dat Data en Worf yn ûnsichtbere steat mei de romte yn sleept hawwe. Ru'afo ûntdekt it bedroch en strielet himsels nei it rispingsskip ta om hânmjittich de risping op te starten, mar Picard folget him en wit nettsjinsteande de wjerstân fan Ru'afo it selsferneatigingsmeganisme fan it rispingsskip te aktivearjen. Krekt foar't it skip eksplodearret, wurdt Picard fuortstriele troch de weromkearende Enterprise, mar Ru'afo wurdt mei it rispingsskip ferneatige. Riker rapportearret dat it opperbefel fan 'e Stjerrefloat syn goedkarring fan it rispingsplan fan admiraal Dougherty en de Son'a opskoarre hat yn ôfwachting fan it ûndersyk fan in kommisje dy't ynsteld wurde sil. Underwilens keart Gallatin werom nei de planeet om weriene te wurden mei syn mem, yn 'e hope dat ek foar de rest fan 'e Son'a in fermoedsoening mooglik wêze sil.

De bemanningsleden fan 'e Enterprise nimme eefkes lins om fan harren lichtlik ferjonge steat te genietsjen, foar't se ôfsette foar in nije misje. La Forge oanskôget mei syn eigen eagen in sinne-opkomst (eat dat er altyd al wollen hat), om't er bang is dat it regenerative effekt op syn eagen net bliuwend blike sil te wêzen as er de planeet fan 'e Ba'ku ferlit. Nettsjinsteande dat hat er alhiel gjin spyt fan syn rol by it ferideljen fan 'e plannen fan Dougherty en de Son'a. Data slút freonskip mei Artim, de jonge dy't earst sa benaud foar him wie. Riker freget himsels ôf oft syn nije leafde foar Troi net folslein feroarsake wurdt troch de ynfloed fan 'e ringen, mar Worf bewissiget him derfan dat Riker al fereale op har west hat salang't er him ken. Picard ûnthjit Anij dat er mei koarten weromkomme sil om tiid mei har troch te bringen, want hy hat noch 308 dagen efterstallich ferlof en hy is fan doel om dy allegear op te meitsjen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Sir Patrick Stewart.
 
Jonathan Frakes.
 
Marina Sirtis.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Jean-Luc Picard sir Patrick Stewart
kaptein-luitenant William T. Riker Jonathan Frakes
luitenant 1e klasse Data Brent Spiner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein-luitenant adviseur Deanna Troi Marina Sirtis
luitenant 1e klasse Worf Michael Dorn
luitenant 1e klasse Geordi La Forge LeVar Burton
kaptein-luitenant dokter Beverly Crusher Gates McFadden
Ahdar Ru'afo F. Murray Abraham
Anij (útspr.: "aniizj") Donna Murphy
admiraal Matthew Dougherty Anthony Zerbe
Gallatin Gregg Henry
Sojef Daniel Hugh Kelly
Artim Michael Welch
Tournel Mark Deakins
faandrich Kell Perim Stephanie Niznik
luitenant Daniels Michael Horton
luitenant Curtis Breon Gorman
Quark Armin Shimerman (cameo)
Son'a-ofsier #1 Bruce French
Son'a-ofsier #2 Claudette Nevins
froulike faandrich Jennifer Tung
bibletekaris Max Grodénchik
Boliaanske ofsier John Hostetter
Elloraanske ofsier #1 Rick Worthy
Elloraanske ofsier #2 Greg Poland
Tarlac-ofsier Larry Anderson
Stjerrefloat-ofsier D. Elliot Woods
Son'a-kriger Tom Morello
Ba'ku-frou McKenzie Westmore

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Nei it súkses fan Star Trek: First Contact, út 1996, woe filmstudio Paramount Pictures in oarsoartige Star Trek-film meitsje mei in lichtfuottiger toan yn 'e trant fan it eardere Star Trek IV: The Voyage Home (1986), dat ek tige súksesfol west hie. Produsint Rick Berman frege syn kollega Michael Piller om it senario te skriuwen en Piller stimde dêrmei yn. Hy woe der in film fan meitsje dy't likenis fertoande mei de roman Heart of Darkness fan Joseph Conrad. Berman woe dat kaptein Picard en syn bemanning in rêdingsmisje ûndernimme soene lykas yn 'e film The Prisoner of Zenda (1937).

It ferskate kearen werskreaune skript waard úteinlik yntsjinne ûnder de wurktitel Star Trek IX. Ferskate titels waarden yn omtinken nommen, lykas Star Trek: Where Time Stands Still, Star Trek: Forever, Star Trek: Beyond Paradise en Star Trek: Sacred Honor. Pas nei't de opnamen al begûn wiene, kaam Alan Spencer, in freon fan Piller, op 'e lapen mei Star Trek: Insurrection.

Der wie foar Star Trek: Insurrection in budget beskikber fan $58 miljoen. De film waard regissearre troch Jonathan Frakes, de akteur dy't de rol fan earste ofsier William T. Riker spile. Hy hie ek de foargeande film Star Trek: First Contact regissearre en hie himsels dêrmei bewiisd. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew F. Leonetti, dy't ek as kameraregisseur meiwurke hie oan Star Trek: First Contact. De filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith, dy't al hast tweintich jier by Star Trek-films belutsen wie.

De opnamen fan 'e sênes yn it doarp fan 'e Ba'ku fûnen oer in perioade fan seis wiken plak op in filmset mei gebouwen op wiere grutte yn Lake Sherwood (Kalifornje). Foar it doarp wie in arsjitektoanyske styl keazen mei Taiske, Balineeske en Polynezyske ynfloeden. De sênes yn 'e bergen fan 'e planeet, dêr't de Ba'ku beskûl sykje, waarden opnommen op 3.000 m hichte boppe de Sabrinamar yn 'e Sierra Nevada fan eastlik Kalifornje. Foar de sênes oan board fan 'e USS Enterprise-E waarden oanpaste sets fan 'e tillefyzjesearje Star Trek: Voyager brûkt.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Trek: Insurrection waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 11 desimber 1998 yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 22 desimber fan dat jier by platemaatskippij GNP. Star Trek: Insurrection waard op 11 maaie 1999 útbrocht op VHS-keapfideo. De film wie ien fan 'e earste titels dy't (yn 2000) troch Paramount yn Jeropa en Japan útbrocht waarden op dvd. De film ferskynde op 22 septimber 2009 foar it earst op blu-ray.

 
De Sierra Nevada yn eastlik Kalifornje giet yn 'e film troch foar de bergen fan 'e planeet fan 'e Ba'ku.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Star Trek: Insurrection mingde resinsjes. Neffens de Los Angeles Daily News hie de film "it skelet fan ien fan dy pseudo-filosofyske politike allegoryen dy't Trek altyd sa ûnderhâldend dien hat. Mar de film makket der in potsje fan." Wol priizge de krante de rezjy fan Jonathan Frakes en de special effects. Neffens de Daily Herald wie de film "fakkundich makke" mar hied er in plot dy't "ôfskaald wie ta syn tillefyzjewoartels."

De Britske krante The Daily Mail parte de film 4 fan 5 stjerren ta en priizge it morele punt dat de film besiket te meitsjen, en ek it aktearjen fan Patrick Stewart. The Daily Mirror omskreau de film as "wif", "sieltôgjend" en "saai", en fûn dat er ûnder de 'flok' fan 'e ûneven nûmere Star Trek-films fallen wie. (Dêrmei waard ferwiisd nei it leauwe ûnder in protte fans en ek beskate resinsinten dat de even-nûmere films fan 'e franchise altyd folle better binne as de ûneven-nûmere.) Neffens The Buffalo News wie Star Trek: Insurrection lykwols de earste film dy't dy 'flok' ferbrutsen hie. The Washington Post, ta einbeslút, neamde de film "âlderwetsk", mar "yn 'e bêste sin fan dat wurd".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Star Trek: Insurrection in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 67 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol [dizze film] net ferskriklik is, liket it trage Insurrection wol in útwreide ôflevering fan 'e tillefyzjesearje te wêzen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Star Trek: Insurrection in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 19 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Star Trek: Insurrection brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $70,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $42,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $112,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $58 miljoen betsjut dat in winst fan $54,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

Star Trek: Insurrection waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste science fiction-film (einige yn in dield earste plak foar Armageddon en Dark City) en de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (dy't nei The Truman Show gie). De iennichste priis dy't de film wûn, wie sadwaande in Youth in Film Award foar de berne-akteur Michael Welch, dy't de rol fan 'e Ba'ku-jonge Artim spile.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)