In startfinster is it tiidsramt wêryn't de start fan in romteskip, al as net bemanne, mooglik is om de missy ta in goed ein te bringen. As it net slagget om de lansearring binnen it startfinster út te fieren, dan moat er ferskood wurde nei it folgjende startfinster.

De doer fan it startfinster is ôfhinklik fan lansearplak, brânje en it stjoerfermogen fan de draachraket. Mei it startfinster komt it net sa krekt as in objekt allinnich yn in baan om de ierde brocht wurde moat. Mooglik soe yn dat gefal rekken hâlde wurde kinne mei it betingst om de raket by deiljocht te lansearjen. As it romteskip keppele wurde moat mei in oar objekt lykas it Ynternasjonaal Romtestasjon, dan sil de lansearring tige krekt plend wêze moatte sadat de twa bewegende objekten (doelobjekt en romteskip) elkoar treffe kinne.