Stedhûs fan Harns

It Stedhûs fan Harns is in stedhûs en ryksmonumint yn Harns.

Stedhûs fan Harns
bouwurk
Stedhûs fan Harns
Stedhûs fan Harns
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Harns
adres Noarderhaven 86
koördinaten 53° 10' 31" N 5° 25' 6"E
bysûnderheden
type bouwurk stedhûs
boujier 1730
boustyl Loadewyk XIV-styl
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 20598 [1]
Stedhûstoer
Stedhûstoer
kaart
Stedhûs fan Harns (Harns)
Stedhûs fan Harns

Skiednis bewurkje seksje

It stedhûs waard yn 1730 troch stedstimmerman H.J. Norel boud yn Loadewyk XIV-styl. Yn 1757 wie der in útwreiding. It gebou stiet oan de súdkant fan de Noarderhaven foar in brêge oer. Oan de foarkant hat de gevel in balkon en in fergoude byld fan Michael, de beskermhillige fan de stêd Harns. It byld waard makke troch Gerbrandus van der Haven.

Oan de efterkant is in toer dy't yn 1933 foar it grutste part fannijs fernijd. Yn 1975 waard de toer nei in brân yn 1974 weropboud. De toer hat in gevelstien (út de eardere Westertsjerke) mei in ôfbyld fan de aartsingel Michael en klokken fan ûnder oaren Jacob Noteman en Petrus Overney.

It gebou, mei in riedseal, trouseal, boargemasterkeamer en in keamer foar de gemeentesiktaris, is te besjen. Yn de boargemasterkeamer is der in skoarstienstik mei in foarstelling fan Aeneas en Anchises. Yn de âlde trouseal bnne bynliste behangskilderings mei stedsgesichten, troch Nicolaas Baur skildere. Dy skilderings hearden ynearsten net by it ynterieur fan it stedhûs, mar komme út in wente yn de stêd wei. Yn dy seal is der ek in 18e-iuwske skoarstienstik útfierd as grisaille.

Galery bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Stedhuzen yn Fryslân  
BoalsertDokkumDryltsFrjentsjerHarnsHylpenLjouwertSleatSnitsStarumWarkum